Allegearre snie - eboek
Afbeelding van Allegearre snie - eboek
Afbeelding van Allegearre snie - eboek

Allegearre snie - eboek

Fermaaklike misdiedroman oer de moard op in biljertende ûnderhâldsmonteur

€ 4,95



    Omschrijving

    De biljertklup 'Krijt op tijd' wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr’t er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan ’e klup. Bareld is meastal op ’e tiid, mar diskear is er frij let. As er syn partij spile hat en eefkes nei bûten is om in sigret te smoken, komt der in frommis mei read hier nei binnen en freget nei Bareld. Se stjoere har efter Bareld oan. Dy sil dus beskie jaan moatte as er werom komt. Mar hy komt net werom. It wurdt in plysjesaak. De resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen wurde op ’e saak set. Se kinne as de blommen en wurde op it buro dan ek 'de Blomkes' neamd. Der komt in hiel ferburgen libben oan it ljocht en, al filosofearjend, sa’t de gewoante is fan 'de Blomkes', komme se ta ferrassende ûntdekkingen.
    In fermaaklike misdiedroman.

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 116
    Levertijd 0 werkdagen
    Auteur MeindertBylsma
    Biografie

    Meindert Bylsma (1941) waard berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer en joech in skoft les om utens. Pleage troch ûnwennigens kaam er al gau wer yn Fryslân (Kimswert) werom. Bylsma bleau oant syn pensjonearring learaar Nederlânsk en nifeljen yn Harns. Hy is de skriuwer fan in grut oeuvre, sawol poëzij as proaza, mei in opfallende kombinaasje fan boartlikens en earnst.

    Verschijningsdatum 17-08-2015

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-771-2
    EAN nummer
    9789089547712