David Copperfield - eboek
Afbeelding van David Copperfield - eboek
Afbeelding van David Copperfield - eboek

David Copperfield - eboek

Bekendste boek fan de 19e ieu oer ferrie fan fertrouwen, it ûnthâlden fan leafde, it misbrûken fan macht oer swakkeren.

€ 14,95



    Omschrijving

    DAVID COPPERFIELD (1850) is mij fan al myn boeken it dierberst, skreau Charles Dickens sels (1812-1870). Dat hat grif te krijen mei syn eigen bernetiid, doe’t er him, krekt as syn haadpersoan David, as lyts jonkje ferret fielde troch de folwoeksenen, dy’t him beskermje moasten, mar dat net dienen.
    David Copperfield is in typys boek út dy tiid, mei in bûnte samling persoanen. De strange ûngefoelige styfheit Murdstone, mar ek David syn ienfâldige bernefaam Peggotty, dy’t him har hiele libben trou bliuwt. De rike, flotte en yn it earste oankommen sympatike Steerforth, dy’t David as jongste learling op de kostskoalle ûnder syn hoede nimt, mar dy’t (wat David pas folle letter sjocht) folslein egosintrys is en oare minsken brûkt en misbrûkt. De eksintrike âldmuoike, juffer Betsey Trotwood, dy’t David letter ûnder har hoede nimt, sa’t sij ek ‘menear Dick’ ûnder har hoede nommen hat, en dêrmei rêdt fan opsluting yn it kranksinnigegesticht. Ien fan de grutste smychten fan de 19e ieu, de altyd ‘nederige’ Uriah Heep, dy fluenske fraudeur en oplichter. De meast útwrydske persoan is de deftich pratende healwize, mar toch sympatike Wilkins Micawber (baseard op Dickens syn eigen heit), de erflik yn skulden sittende, blykber foar neat dogende heit fan fjouwer bern, dy’t djip yn ’e lytse loege sittend altyd binnen de minút ien fan de meast optimistise minsken op ierde wurde kin – en oarsom. En dan de ‘lytse Em’ly’, ferlieden troch Steerforth, dy’t as ‘fallen frou’ de ferskoveling fan de mienskip wurdt, mar troch dy oare styfheit, de broer fan Peggotty, noait opjûn wurdt. En dy earme Dora, earste frou fan David, sa kreas, sa leaf, sa nayf en sa wrâldfrjemd.
    En fansels David Copperfield, as tsienjierrich jonkje de hurde wrâld ynskopt, dy’t út syn geastdeadzjend wurk fuortrint en te foet fan Londen nei Dover reizget, nei syn âldmuoike, om har beskerming te freegjen, mar dy’t ek in oare lange reis ôflizze moat om lang om let ta selskennis te kommen, om einliks te beseffen watfoar frou werklik al dy tiid echt fan him holden hat: de rêstige, serene en harsels weisiferjende Agnes.
    Dit bekendste boek fan de 19e ieu giet oer ferrie fan fertrouwen, it ûnthâlden fan leafde, it misbrûken fan macht oer swakkeren. Mar ek oer in sterkere macht, de macht fan suverens fan motiven en betingstloaze tawijing, tagedienens en leafde, sa’t wij dy sjogge yn de ûnferjitlike bernefaam Clara Peggotty, de âldmuoike Betsey Trotwood, de styfheit fan Em’ly, en David syn skoalkammeraat Tommy Traddles. En, yn de wurden fan Dickens sels: hoe kinne wij leare fan de earste ferkearde ynjouwingen fan ús ûnbelearde hart?
    In ûnferjitlik boek.

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 884
    Levertijd 0 werkdagen
    Auteur/ vertalerCharles Dickens, vertaler Geart fan der Mear
    Biografie vertaler

    Geart van der Meer (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 bij it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit bij it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1984 ferskynde syn dichtbondel Skûl bij Hanklit, en yn 1987 in bondel mei 25 sonnetten, Winterkriik. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk. Hij levere yn 1990 de Fryske oersetting fan de opera Rixt fan Henk Alkema. Nêst taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit. Yn 2009 ferskynde It Paradys Ferlern, syn metryske oersetting fan it ferneamde Paradise Lost fan John Milton (1674), it epos oer de sûndefal yn it paradys. Ein 2011 foltôge Fan der Mear de oersetting fan de Idylls of the King, Alfred Tennyson syn 19-ieuske bewurking fan de midsieuske ferhalen oer de Britske Kening Artur en syn úteinlik mislearre striid tsjin ûnrjocht en de gaos fan wetteleazens: De fal fan Camelot, De val van Camelot.

    Geart van der Meer brûkt bij syn literêre publikaasjes altyd syn namme yn it Frysk: Geart fan der Mear.

    Verschijningsdatum 17-08-2015

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-758-3
    EAN nummer
    9789089547583