De fjoerdiamant
Afbeelding van De fjoerdiamant
Afbeelding van De fjoerdiamant
Afbeelding van De fjoerdiamant

De fjoerdiamant

Reis nei de binnenkant fan de ierde makket it hert fan fiif bern hiel waarm

€ 15,95



    Omschrijving

    Fiif bern krûpe troch it gat fan in dikke beam en komme yn in tunnel telâne. Dy liedt nei de binnenkant fan de ierde. Wat in aventuer! It is dêr prachtich, it liket wol in mearke. Se geane troch in reinbôgerivier, oer de streepte heuvels nei in grot, djip yn de see. En dêr wurdt harren hart hiel waarm …

    Formaat300x210
    Aantal pagina's34
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurMarianna van Tuinen
    Korte levensbeschrijving

    Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten ‘Minerva’ printeboeken mei kollaazjes fan papier. Hja yllustrearre û.o. it Fryske berneboekewike-geskink fan 1995 (Gele Gijs & Lange Loeres) en de seizoenbesjochplaten foar In De Maneschijn (1993). By in tentoanstelling fan de Nederlandse Illustratoren Club yn it Stedelijk Museum fan Amsterdam wûn hja de 4e priis fan it publyk.
    Nei in perioade fan tentoanstellingen mei frij wurk is hja werom by de berneboeken: yn 2010 waarden Hoe doet de haan? en Wat doet de dolfijn? (útjouwerij Clavis) útbrocht, en ek de fioelmetoade Tovernoot (boekhannel Broekmans & Van Poppel) fan de fioeliste Anneke Wittop Koning.
    Yn 2011 brocht Elikser har boek Ando en de gouden bal út, folge troch De regenboogdolfijn yn 2012, Hoger en hoger yn 2013, en De Vuurdiamant yn 2014.

    Vertaler

    Ytsje Steen-Buwalda

    Biografie vertaler

    Ytsje Frederika Buwalda is berne yn Seisbierrum op 21 april 1959. Nei de legere skoalle hat sy it atheneum folge yn Ljouwert en dêrnei Schoevers yn Den Haach. Fan 1978 oant 1984 hat sy administratyf wurk dien by in notaris yn Marrum. Doe’t har soan Jorrit berne waard, is sy opholden mei wurkjen. En yn 1987 kaam dochter Marije op ’e wrâld. Doe’t de bern wat âlder waarden woe sy wol wer oan it wurk. Dat slagge net sa maklik. Uteinlik bedarre se by de Afûk as freelance oersetter en korrektor (wat sy dwaan mocht fanwege har karfak Frysk op it Ateneum) en dat wurk docht se no al 9 jier, mei in soad plezier. In jier as trije ferlyn krige se der sin oan om ris in boek foar harsels oer te setten, in boek dat sy sels heel moai fûn. Dat waard it jeugdboek ‘Koning van Katoren’ fan Jan Terlouw. En sy hope dat har oersetting oait yn druk ferskine soe… Ytsje Steen-Buwalda is troud mei Johan Steen, skoalmaster yn Lollum. Sy wenje yn Boalsert.

    Verschijningsdatum2014-05-07

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-627-2
    EAN nummer
    9789089546272