De lytse kannibaal (e-boek)
Afbeelding van De lytse kannibaal (e-boek)
Afbeelding van De lytse kannibaal (e-boek)

De lytse kannibaal (e-boek)

Hurdfytser Sjoerd Lautenbach kriget in tillefoantsje fan Anastasia, in âld freondintsje en rondemiss út de ronde fan de Takomst. Sy konfrontearret him mei it ferline

€ 6,50



    Omschrijving

    ‘De lytse Kannibaal’ is in toanielstik, in tragykomeedzje yn twa bedriuwen, dat Elmar Kuiper skreaun hat foar toanielferiening De Takomst Húns-Leons. It stik waard opfierd op freed 8 en sneon 9 maart 2013 yn doarpshûs de Murdhoun yn Húns en op freed 15 maart yn LOFT yn Boksum. It boek is foarmjûn troch Gert-Jan Slagter en der steane fideostills en swart wyt foto’s fan ’e spilers yn.

    ‘De lytse kannibaal’ slacht op Sjoerd Lautenbach. Syn heit makke him gauris út foar kannibaal, omdat er sa roppich wie en in soad iten op koe. It wie ek syn bynamme as hurdfytser. Sjoerd wûn in soad wedstriden, mar wie net fan it kaliber Merckx, dy’t ‘de kannibaal’ neamd waard en hjoed de dei beskôge wurdt as de grutste hurdfytser aller tiden.

    Om syn kondysje wat op peil te hâlden traint Sjoerd yn Healthclub Lautenbach. Dizze club stiet op namme fan syn broer Jehannes. Beide bruorren hawwe amper kontakt mei elkoar. Op in reinige moarn kriget er ynienen in tillefoantsje fan Anastasia, in âld freondintsje en rondemiss út de ronde fan de Takomst. Sy hat it 06 nûmer fan Jehannes krigen en wol graach delkomme. Sy siket Sjoerd op yn ’e Healthclub en konfrontearret Sjoerd mei it ferline.

    Formaate-book
    Aantal pagina's49
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurElmar Kuiper
    Korte levensbeschrijving

    Elmar Kuiper, (Snits, 23 febrewaris 1969 ), is in Fryske dichter, skilder, fideofilmer en perfoarmer. Neidat hy earst in jier of wat as psychiatrysk ferpleechkundige wurke hie, studearre hy yn 1998 ôf oan de Kunstakademy Minerva yn Grins. Fan byldzjend keunstner waard er wurdkeunstner, yn syn wurken kamen geandewei mear teksten. Op it lêst waarden de teksten keunstwurken op harsels.

    Syn earste fersen ferskynden yn 2001 yn Hjir en it ynternettydskrift Kistwurk. De bondel Hertbyt ferskynde yn 2004. De bundel is yn 2005 nominearre foar de Fedde Schurerpriis, de troch de provinsje Fryslân ynstelde priis foar debutanten. Syn twadde bundel wie de twatalige blomlêzing Roep de Rottweiler op! / Rop de Rottweiler op! (2006). Yn de bundel stean in oantal troch Jabik Veenbaas útsochte en troch him yn it Nederlânsk oersetten gedichten fan Kuiper. Syn twadde Fryske bundel, Ut namme van mysels, ferskynde ein 2006. De gedichten yn dy bundel binne persoanliker en minder abstrakt as dy yn Hertbyt. Kuiper dichtet oer universele begrippen as leafde, dea, fertriet en rouferwurking. Yn jannewaris 2007 publisearre it ynternasjonale literêre tydskrift Poetry Wales trije troch Susan Massotty yn it Ingelsk oersetten gedichten fan Elmar Kuiper. Yn 2011 ferskynde fan him de bondel Granytglimkes. Hy wûn ferskillende kearen in Rely Jorritsmapriis en yn 2010 kaam fan him it toanielstik De fûgels fan fantasia út.

    Verschijningsdatum2014-07-23

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-658-6
    EAN nummer
    9789089546586