De Pest
Afbeelding van De Pest
Afbeelding van De Pest

De Pest

Yn de Algerynske stêd Oran brekt de pest út. Haadpersoan is dokter Rieux dy’t besiket nei bêste kinnen syn wurk te dwaan en mei syn freonen essensjiele libbensfragen besprekt. In prachtige klassiker út 1947, tiidleas en tige ryk fan taal

€ 22,50



    Omschrijving

    It ferhaal fan de Frânske skriuwer Albert Camus spilet yn de stêd Oran, doedestiids in koloanje fan Frankryk. Op in moarn stroffelet dokter Rieux oer in deade rôt. It bliuwt net by dy iene, se lizze oeral, yn de huzen en op 'e strjitte. Der komme hieltyd mear foar 't ljocht. Op 't lêst wurde de ynwenners fan de stêd troch hûnderten, sels tûzenen deade of krepearjende rotten bedrige. It duorret net lang of de minsken fiele har ek siik en stjerre. Der is gjin salve oan te striken: de pest is útbrutsen en nimt de foarm fan in earnstige epidemy oan. Wa't net siik is, ferliest wol immen en njonken de sykte hearsket eangst en klaustrofoby. De stêd wurdt fan de bûtenwrâld ôfsluten en minsken binne fan elkoar ôfhinklik.
    Elk reagearret ferskillend. Guon lizze har del by har lot, oaren sykje skuld en wraak, wer oaren besykje mei ynmoed te fjochtsjen tsjin de grutte oermacht.

    Dizze roman ferskynde foar it earst yn 1947 en droech by ta de nominaasje foar de Nobelpriis, dy't Camus yn 1957 krige. Hy lit sjen hoe't minsken ûnder ynfloed fan bûtengewoane omstannichheden reagearje en feroarje. Syt Palma hat dit masterwurk út de wrâldliteratuer yn eigentiids en meinimmend Frysk oerset.

    Formaat145x210
    Aantal pagina's290
    Levertijd2 werkdagen
    Auteur / VertalerAlbert Camus / Syt Bakker-Palma
    Korte levensbeschrijving
    Verschijningsdatum2012-12-27

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-457-5
    EAN nummer
    9789089544575
    Auteur
    Syt Bakker-Palma
    Vertaler
    Syt Bakker-Palma