De Roman fan Walewein
Afbeelding van De Roman fan Walewein
Afbeelding van De Roman fan Walewein

De Roman fan Walewein

Meislepend midsieusk ferhaal fol aventoeren en spannende foarfallen yn de striid om eare en leafde.

€ 27,50



    Omschrijving

    De held Walewein, de ‘heit fan alle aventoeren’ en ‘hoofse’ ridder oan it hof fan kening Artur, belibbet yn dizze midsieuske ‘roman’ in suver ûneinige rige fan spannende foarfallen en barrens. Hy set útein om in magysk skaakspul foar de kening te bemasterjen en komt eintsjebeslút werom mei it skaakspul én mei in hertsfreondinne: Isabelle. Tuskentroch belibbet er fan alles, fan it ferslaan fan de Reade Ridder oant it rêden fan de foks Roges, dy’t in betsjoende prins blykt te wêzen. Troch syn moed, syn hoflikheid, syn leauwe, en neisteleafde, berikt er wat ûnberikber like, wêrby de humor sa no en dan net ûntbrekt.

    Klaas Bruinsma brûkt syn talint as oersetter om dit skitterjende en meislepende Middelnederlânske ferhaal te fertellen yn de fertroude, waarme memmetaal, yn klankrike en suvere rimen. 10.203 fersen lang wit syn linich Frysk de midsieuske wrâld te kleurjen en De roman fan Walewein ek yn it heitelân it plak te jaan dat it fertsjinnet: in masterplak!

    DeromanfanWalewein_Inkijk.pdf

    Formaat165 x 240 mm
    Aantal pagina's335 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    VertalerKlaas Bruinsma
    Korte levensbeschrijvingKlaas Bruinsma (* Easterein 1931) is al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen en krige twa kear de Obe Postmapriis. Bruinsma wurket út leafde foar de taal en út oertsjûging en idealisme foar Fryslân (syn eigen wurden).
    Verschijningsdatum2010-09-02

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-243-4
    EAN nummer
    9789089542434
    Auteur
    Klaas Bruinsma
    Vertaler
    Klaas Bruinsma