De Tocht fan de Argonauten
Afbeelding van De Tocht fan de Argonauten
Afbeelding van De Tocht fan de Argonauten
Afbeelding van De Tocht fan de Argonauten

De Tocht fan de Argonauten

De Argonauten belibje in bulte aventoeren as Jason it Gouden Flues helje moat en Medéa him helpt mei tsjoenderskeunst

€ 20,-



    Omschrijving

    Troch alle tiden hinne hat it ferhaal fan it Argonautenskip, fan Jason en it Gouden Flues en de tsjoenster Medéa ta de ferbylding sprutsen. En noch hieltyd lêze we mei niget hoe’t de jonge held Jason de útdaging oannimt om de riskante, suver ûnmooglike taak op him te nimmen om it Gouden Flues te bemasterjen, dat bewekke wurdt troch in neasliepende draak. Jason syn doel is, hjirtroch it regear fan syn omke Pélias werom te krijen. Omke Pélias hopet fansels dat syn betingsten te dreech binne foar Jason, en dat dy de opjefte net folbringe sil. Mar al oan it begjin fan it ferhaal fiele we, dat dat wolris oars útpakke kin. De hiele tarieding ta de tocht, alle helden dy’t har by Jason foegje, de help fan guon goaden en goadinnen, dat alles makket dat we as lêzer hoop krije op in goede ôfrin. Mar dan komme de problemen en wurdt it tige spannend: gefaarlike seestreamingen, wynstilten, gefjochten mei fijannige hearskers, helden dy’t ûnderweis sneuvelje, en noch ûnderskate oare swierrichheden meitsje hja mei. As Jason úteinlik mei help fan de tsjoenster Medéa it Gouden Flues yn hannen kriget, liket de opdracht foltôge. Mar Jason hat syn oerwinning net fergees krigen: wat hellet er oan as hy Medéa ûnthjit ‘tank te beteljen foar har help’? Yn elts gefal moatte se earst noch werom nei Jolkos, wat ek wer de nedige aventoeren opleveret. It ferhaal hat in ‘happy end’, inkeld mar spitich dat omke Pélias dêr gjin rol mear yn spilet.

    Apollonios fan Rhodos skreau syn dichtwurk likernôch 250 jier foar Kristus, sa’n 500 jier nei Homêros. Lykwols wie hy fan betinken, dat de styl fan de grutte dichter weardefol wie en neifolging fertsjinne. Dy styl is oanhâlden troch de oersetter Klaas Bruinsma. Yn daktylyske heksameters hat hy it prachtige epos De Tocht fan de Argonauten oerset yn floeiend, ryk Frysk, sadat wy ek dít antike erfgoed yn ús eigen moaie taal lêze kinne.

    De Argonauten_Inkijk.pdf

    Formaat 165x240x19 mm
    Aantal pagina's 210
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur | oersetterApollonios fan Rhodos | Klaas Bruinsma
    Biografie

    Apollonios fan Rhodos
    Apollonios werd te Alexandrië geboren, waarschijnlijk rond 295 v.Chr.. Hij kreeg een verzorgde opvoeding aan de Bibliotheek van Alexandrië (hij was leerling van Callimachus). Apollonios Rhodios tracht in zijn belangrijkste werk, de Argonautica, van de van Callimachus aangeleerde en artificiële stijl af te stappen en tot zijn eigen, op de Homerische eenvoud gebaseerde stijl te komen. De relatie tussen beide dichters, de jonge Apollonios en de oudere Callimachus, verslechterde en eindigde in een bittere, persoonlijke ruzie. De werksfeer werd zo slecht dat Apollonios woedend vertrok naar Rodos. Daar kon hij het burgerschap van het eiland verkrijgen, waardoor hij zijn bijnaam Rhodios, van Rodos, kreeg.
    Nadien keerde hij terug naar Alexandrië waar hij zijn gedicht nogmaals voordroeg, maar deze keer met overweldigend succes. Hij legde zijn ruzies met Callimachus bij, naast wie hij later begraven werd. Apollonios volgde Eratosthenes op als hoofd van de Bibliotheek van Alexandrië. Hij stierf rond 215 v.Chr.
    (Uittreksel uit Wikipedia)

    Nei syn pensioen hat Klaas Bruinsma (1931, Easterein) him hielendal wijd oan syn grutte leafde, it oersetten fan klassiken út de wrâldliteratuer. As gymnasiast wie er dêr al mei begûn. Yn 1993 krige Bruinsma de dr. Obe Postma-priis foar syn oersetting fan trije trageedzjes fan Sofokles: Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos. It sjueryrapport meldde dat Bruinsma yn syn oersetting tichte by de oarspronkelike tekst bleau, mar dat hy oersette mei each foar it feit dat de stikken bedoeld binne om te spyljen.
    Yn 1993 krige Bruinsma de kultuerpriis fan de gemeente Gaasterlân-Sleat 'foar syn fertsjinsten foar it behâld fan de Fryske taal.' Yn 2005 is him opnij de dr. Obe Postma-priis tagekend, no foar syn oersettingen yn it tinkboek fan Gysbert Japix, de bundel Lânwurk mei de oersetting fan Vergilius' Georgika, en mei namme foar syn oersetting fan de Ilias en de Odusseia fan Homêros. De publicaasje hjirfan krige in soad oandacht.

    Verschijningsdatum 22-04-2016

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-851-1
    EAN nummer
    9789089548511