Einum
Afbeelding van Einum
Afbeelding van Einum

Einum

Filmyske blik op it libben yn in hjoeddeiske plattelânsmienskip, bekroand mei de Gysbert Japicxpriis 2015

€ 19,50



    Omschrijving

    Yn it djippe suden fan Kanada set infûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichtingyn it noarden fan Nederlân in brief opsteld.

    Balansearjend op it snijflak fan lân ensee leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûnin him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt inskets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy’t besiket de skimering tusken skaaden ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in famke dat de leafdeûntdekt, in boer dy’t siket om in masteresse, in twilling dy’t in troch itsmookferbod troffen kafeetsje nij libben besiket yn te blazen.

    Geandewei floeie al dy libbens yn elkoaroer en dan ynienen is dêr dy brief.
    En ferskynt in fûgeltsje oan ’e loft...

    Resinsjes:

    LiteratuersideJelle van der Meulen: ‘Froon Akker heeft door de uitgangspunten en deconstructie van zijn nieuwe roman, gecombineerd met een gedreven schrijfstijleen zeer boeiende roman afgeleverd.’

    Literêrblêd Ensafh (75): ‘Yn it earstoan kriget men de yndruk dat it allegearre losseferhalen binne fan minsken dy’t miskien letter byinoar komme. Mar de relaasjestusken de minsken wurde gauwernôch dúdlik en sa streame de personaazjes yninoaroer. En dêrmei wurdt it helder hoe keunstich it boek konstruearre is.’

    LeeuwarderCourant: ‘Neist de styl is ek de opset fan de roman bysûnder.’

    SjueryGysbert Japicxpriis 2015: ‘Einum biedt in filmyske blik op it libben yn inhjoeddeiske plattelânsmienskip. De ferteller lit ús yn de kunde komme mei dekleurrike bewenners yn in úthoeke fan in noardlike krimpregio. Yn elk haadstiksjogge wy it doarpke út it perspektyf fan in folgjend personaazje, wêrmei’t debyinoar lâns en mei-inoar belibbe ferhalen yninoar ferfrissele wurde. Deskriuwer hâldt de faasje deryn troch syn bysûndere fernijende fertelstyl. Meihumor, en ek each foar tragyk, hat er in wrachtich boek skreaun oer it moderneFryslân.’

    Formaat 135x200
    Aantal pagina's 311
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Froon Akker
    Biografie

    Froon Akker is it pseudonym fan Koos Tiemersma (Frjentsjer, 1952), dy’t bekend waard as skriuwer fan in oantal súksesfolle romans lykas De ljedder (bekroand mei de earste Rink van der Veldepriis) en Under wetter. Nei 2010 skeakele er oer op de publikaasje fan e-boeken dy’t er oan ’e man bringt op syn side www.froonakker.nl

    Verschijningsdatum 07-10-2015

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-812-2
    EAN nummer
    9789089548122