Eksamenjier - eboek
Afbeelding van Eksamenjier - eboek
Afbeelding van Eksamenjier - eboek

Eksamenjier - eboek

Menimmend boek oer jongfolwoeksenen dy’t op it punt steane it âldershûs te ferlitten en dêrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte

€ 6,50



    Omschrijving

    As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar. Mar neat is wat it liket, want by einsluten falt foar Dario alles te plak en blykt de trageedzje syn beslach op in oar plak te krijen.

    Mei de roman Eksamenjierslacht de skriuwer in nij paad yn. Hy hat in boek skreaun dat oanslút by de belibbing fan jongfolwoeksenen dy’t op it punt steane it âldershûs te ferlitten en dêrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte. Yn it lêste skoaljier moatte se noch hiel wat ferduorje. Dingen dy’t se in jier letter fan in ôfstân skodholjend besjen kinne, batse der dan namste hurder yn. Yn dit boek lit de skriuwer sjen dat ek de jongfolwoeksene beskikke moat oer in protte fearkrêft om troch it libben hinne te bûkeljen. De measten slagget dat, in inkeling moat belies jaan.

    Formaat eboek
    Aantal pagina's 130
    Levertijd 0 werkdagen
    Auteur Sjieuwe Borger
    Biografie

    Sjieuwe Borger is net berne yn Fryslân, mar syn memmetaal is al Frysk. Syn debút Modesta ferskynde ein jierren ’90 as feuilleton yn it underground tiidskrift Blauwe Fedde. Hy skreau it mei syn freon Dikky van der Veen, dy’t begjin 2015 stoar.
    Wat opfalt yn it wurk fan Borger is de taal. Wêr’t de taalmasters úthâlde dat Frysk Frysk bliuwt netttsjinsteande alle ynfloeden út oare talen, is Borger wat oars fan betinken. It lit him lêze; men moat it kopke der al by hâlde.
    Fan de personaazjes, de popkes, yn it wurk is wol ris sein dat se frijwat tin binne. Borger kin him der net om bekroadzje. Hy is fan betinken dat de lêzer sels in grutte ferantwurdlikheid hat by it ynfoljen fan de karakters; in boek is no ienkear gjin tillefyzje en moat it jin net te maklik meitsje; it kopke moat der by bliuwe.
    Eksamenjier is Borger syn fjirde roman. Al nei de earste roman waard skreaun dat it dêr by bliuwe soe. Itselde waard wer sein nei syn twadde roman. Mooglik hat it te krijen mei it soarte boeken dat Borger foar it ljocht bringt. It kin ek wêze dat syn boeken ôfwike fan de ferwachtingen. Se oerstige it sljochtweihinne provinsjale, en spylje yn it akademysk miljeu. Dat ferget in oare oanpak; in boek is gjin middel om yn sliep te fallen op bêd.
    Mei Eksamenjier hat de skriuwer ynset op de young adults. Sels hat er wer in protte wille hân oan it skriuwen, en al stiet der no neat op priemmen, hy is der wis fan dat der wer wat komt.

    Verschijningsdatum 26-10-2015

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-785-9
    EAN nummer
    9789089547859
    Auteur
    Sjieuwe Borger