Fabryk
Afbeelding van Fabryk
Afbeelding van Fabryk

Fabryk

Neurotyske haadpersoan wurket yn grientekonservefabryk en is obsedearre troch it idee in died te stellen om oerflakkich tinkende oaren de eagen te iepenjen

€ 18,50



    Omschrijving

    De roman Fabryk ferskynde yn 1964 as Riemersma syn debút. De haadpersoan wurket yn in grientekonservefabryk. Hy sjocht hoe’t syn kollega’s har deljouwe ûnder de twang en ferlieding fan it meunster dat it fabryk is. Hy rint om mei it idee om in died te stellen en dêrmei de oerflakkich tinkende oaren de eagen te iepenjen. Dat wurdt in obsesje dêr’t er yn fertiist en yn neare wanen en dreamen geastlik oan kapot giet. Riemersma wurke yn 1960 trije moanne op it Kondinsfabryk yn Ljouwert. Dy ûnderfiningen ferwurke hy yn it boek.
    Dizze roman makke in protte diskusje los. De tradisjonele lêzers wiene ûntheistere troch de iepenhertigens wêrmei’t de neuroatyske ik-figuer syn tryst libben en syn tinzen en eangstbylden sjen liet. Yn 1995 ferskynde de sechste printing yn de rige Fryske Klassiken, mei in útlieding fan Philippus Breuker. Hy ornearret dat it de meast útsprutsen foar- en tsjinstanners fan de roman úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer gie. Dizze sande printinge is neffens de foarige.

    De skriuwer is mei syn haadfiguer in aventoer oangien. Hy is meigien oan it lêste ta.
    J. Noordmans yn de Ljouwerter Krante

    Yn it suterige en ferhûddûke libben fan dizze fabryksarbeider wjerspegelet him in mikro-kosmos, dy’t oan tiid noch plak mear bûn is. En wat is universeel oars?
    D.A. Tamminga yn De Tsjerne

    Formaat

    140x210

    Aantal pagina's 180
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur

    Trinus Riemersma

    Biografie

    Trinus Riemersma (1938-2011) waard ûnderwizer en letter, nei stúdzje en promoasje, dosint Frysk. Hy wie warber op hast alle fjilden fan de literatuer: romans, ferhalen, kritiken, polemiken, toaniel, poëzij; op lettere leeftiid wie er kollumnist. Twa kear wûn er de Gysbert Japicxpriis, yn 1967 foar Fabryk.

    Verschijningsdatum

    01-10-2014

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-673-9
    EAN nummer
    9789089546739
    Auteur
    Trinus Riemersma