Fan binnen ut - From within (mei cd)
Afbeelding van Fan binnen ut - From within (mei cd)
Afbeelding van Fan binnen ut - From within (mei cd)
Afbeelding van Fan binnen ut - From within (mei cd)
Afbeelding van Fan binnen ut - From within (mei cd)
Afbeelding van Fan binnen ut - From within (mei cd)

Fan binnen ut - From within (mei cd)

Foarjiersgedichten yn boek mei prachtige foto’s, in cd mei de ynsprutsen teksten en muzyk

€ 27,50



    Omschrijving

    Fan binnen út is in seleksje foarjiersgedichten skreaun troch Tryntsje van der Veer, omliste mei fotowurk fan Ouke Kooistra. De teksten binne ynsprutsen en op piano en fioele omspile troch Rob du Jardin. From within contains a selection of poems written during Spring by Tryntsje van der Veer, embellished by photographs of Ouke Kooistra.The texts are recorded. Rob du Jardin composed and performed the music (piano and violin)

    It is it jeien en it bêdzjen,yn beammen heech dêr kaam it nêst. It is in tún om ier te trêdzjen,mei wylde blommen en plak foar rêst.

    It is the hunting and the soothing,in trees high we made our nest. It’s a garden for early strolling,with wild flowers and a seat to rest.

    Formaat210x210
    Aantal pagina's109
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurTryntsje van der Veer
    Korte levensbeschrijving

    Tryntsje van der Veer (1960) waard berne yn Nijegea, oan ’e Fluezen. Wetter, wurden, lûd en ritme ha har yn ’e besnijing. Yn 2008 kaam sy foar in part fan ’e wike nei Fryslân werom en pakte har memmetaal aktyf op. Stimulearre troch it kursusoanbod by Tresoar op it mêd fan it skriuwen fan lietteksten en it dichtsjen (Jurjen van der Meer, Eppie Dam en Abe de Vries, www tresoar.nl), kaam in stream op gong dy’t trochrint en frijer makket. Har doel is om mei minder wurden mear te sizzen. Elts wurd telt.

    Yn 2009 kaam Binnentún út, yn 2010 Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij, bondels mei een CD. Fan Oer it wetter wie sy de gearstaller. De opbringst is ornearre foar de Stichting Gehandicapten Watersport Grou, eigener fan it motorskip Markol (www. msmarkol.nl). Dat skip wurdt dreaun troch frijwilligers en makket mei minsken mei in beheining tochten oer it Fryske wetter. Har part fan de nije bondel sil ek nei dit projekt gean. Yn it deistich libben wurket sy as psychiater yn Noard Nederlân.

    Tweede auteurRob du Jardin
    Biografie 2e auteur

    Rob du Jardin (1969), berne yn Switserlân, wennet en wurket yn Amsterdam. Hy is as psychoterapeut spesjalisearre yn de behanneling fan eangststeurings. Oant 1998 wie er altfioelist by it Keninklik Konsertgebou-orkest en by ferskate selskippen foar hjoeddeiske muzyk. Njonken syn terapeutysk wurk musisearret hy op ferskate ynstruminten en wûn de publykspriis fan Liet 2009. Ut de gearwurking mei Tryntsje en Ouke is Binnentún ûntstien.

    De ferankering yn ’e Fryske muzyktradysje besiket hy te ferwêzentlikjen troch gear te wurkjen mei artysten lykas Grytsje Kingma, Carolien Hunneman, Wiebe Kaspers, Marcel Smit, it duet Oct-Opus, en troch mei te dwaan oan it “Kom en Sjong”-wykein by de Folkshegeskoalle op Skylge. Syn toanielstik “Om Utens”, yn in eksperimintele Dada7-styl, ferskynde yn 2010 yn it literêr tydskrift Ensafh (www ensafh.nl). Yn 2011 kaam syn selshelpboek Plankenkoorts út (útjouwerij Hogrefe). De gearwurking mei Rob is altyd noflik.

    Verschijningsdatum26-02-2012

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-326-4
    EAN nummer
    9789089543264
    co-auteur
    Rob du Jardin
    Auteur
    Tryntsje van der Veer