Fan HARNS nei GOUTUM oer MALTA
Afbeelding van Fan HARNS nei GOUTUM oer MALTA
Afbeelding van Fan HARNS nei GOUTUM oer MALTA

Fan HARNS nei GOUTUM oer MALTA

Smaaklik reisferhaal oer boatreis en fytstocht yn noflike en humoristyske styl.

€ 17,50



    Omschrijving

    Jehannes van der Meulen hie altyd niget oan de beide wite mêsten fan sa'n fiifentritich meter heech fan de izeren Aldebaran as hy by Boksum lâns nei Frjentsjer ried en ter hichte fan Lytselollum wie. It wie it skip fan syn freonen Sven en Nina. Noch in pear moannen, dan soe it in seefêste "kitsgetuigde zeilschoener" wêze. Sven kaam yn tiidneed en hie Jehannes frege om te helpen. Foar alle dagen dat er wurke koe hy in dei mei te silen yn 'e Middellânske See of om de Kanaryske Eilannen hinne. Ek al omdat er it moai fûn in freon yn need te helpen gong er op it oanbod yn. En op in goeie dei sei Sven tsjin him: "Jij moest eigenlijk ook maar mee varen naar Malta". Hy skrok en sei der daliks oerhinne: "En op 'e fyts werom tink?" En sa is ôfpraat. Nei in tal wiken fol heechspanning wêrby't de boat wol in nêst eamelders like, farden hja út op sneon 12 april. It wie tige kâld en der stie in hurde noardewyn. De start ferrûn mâl, sadree't de trossen los wiene krige de wyn fet op de Aldebaran en dreau hy net te kearen nei de lege wâl. De rubberboat, dy't útstuts, waard heal plat drukt tusken skip en dûkdalf. It betearde allegear goed en wie it begjin fan in reis mei genôch stof foar in meinimmend en mei humor skreaun boek. De boatreis wie enervearjend, mei alle soarten waar, opsile mei dolfinen, de spanningen fan in lytse romte mei hiel ferskillende geasten. Van der Meulen skriuwt der iepenhertich oer en sparret himsels net. By de fytstocht wie der op himsels oanwiisd en it gong soms mar krekt goed. Oan fiif kear ta ûntkaam er oan in ûngemak. Hy fertelt op oangename wize oer syn wjerfarren ûnderweis, in reis dy't sa ta libben komt. Syn styl is plezierich en fyn iroanysk. Gauris hat er de gek mei himsels. It boek hat in noflike faasje fan begjin oant ein. Syn each foar bysûndere details en syn útstapkes nei thús, de muzyk en it ferline jouwe in mearwearde oan it ferhaal.

    Formaat125 x 200 mm
    Aantal pagina's275 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurJehannes van der Meulen
    Korte levensbeschrijving

    Jehannes van der Meulen is berne op 26 augustus 1938 yn Wirdum mar al yn maaie 1939 op Ritsemasyl by Marsum rekke.Hy hat yn it doarp Marsum wenne fan 1946 ôf oant syn skieding ein 1976 en is no yn Goutum al wer 29 jier troud mei Christien van der Zee. Hja hawwe twa bern wylst der ek trije foarbern binne, mei fiif pakesizzers.

    Verschijningsdatum2007-01-11

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-003-4
    EAN nummer
    9789089540034

    Shop meer