Fergut
Afbeelding van Fergut
Afbeelding van Fergut

Fergut

Ridderroman út de twadde helte fan de 13e ieuw oer in sljochtwei boerejonge dy’t ridder wurdt

€ 17,50



    Omschrijving

    Fergút is in Britse ridderroman, mei as haadpersoan in sljochtwei boerejonge, dy’t úteinlik ridder wurdt. De tekst datearret út de twadde helte fan de 13de ieu. It is it súksesferhaal fan in soan fan boer Somilet en syn frou, dy’t wòl fan adel is. De jonge, troch syn strange heit oan ’t wurk set efter de ploege, sjocht de jachtstoet fan de kening foarbygean. Dat makket yn him de winsk wekker om ek nei ’t hof ta. Hy ferpoft it swiere wurk langer en freget wapens. Syn heit, earst poer, jout ta, as syn mem foar him opkomt. Mei in rustige wapenrissing giet er op wei. Op syn hynder rydt er de grutte hofseal fan Artur yn en wurdt ta ridder slein. Hy kriget de drege opdracht de Swarte Ridder te ferslaan en in jachthoarn en in wale te heljen. Dat is de tradisjonele queeste (speurtocht). Fergút slacht oare oanfallers net dea, mar stjoert har nei Artur syn hof. Underweis moetet er de moaie Galine, in omkesizzer fan de slothear, dy’t him gastfrij ûntfongen hie. Galine ûntflammet fuort yn leafde foar Fergút.

    Fergút is in fleurich, optimistysk boek yn geef, hjoeddeisk en linich Frysk oerset troch Klaas Bruinsma. It boek past yn in rige klassike middelnederlânske teksten, dêr’t earder de folgjende útjeften yn ferskynden: Marike fan Nijmegen/Elkenien, Floaris en Blankefloar, de Roman fan Walewein. Fan Bruinsma ferskynde by Elikser ek de oersetting De Striid tusken Froasken en Mûzen, in luftige parody op de Ilias fan Homerus. De boeken fan Bruinsma wurde goed ûntfongen, mei wurdearring foar syn rike taalskat en orizjinaliteit.

    Fergut_Inkijk.pdf

    Formaat125 x 200 mm
    Aantal pagina's184 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    VertalerKlaas Bruinsma
    Korte levensbeschrijvingKlaas Bruinsma (* Easterein 1931) is al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen en krige twa kear de Obe Postmapriis. Bruinsma wurket út leafde foar de taal en út oertsjûging en idealisme foar Fryslân (syn eigen wurden).
    Verschijningsdatum2011-02-04

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-151-2
    EAN nummer
    9789089541512
    Auteur
    Klaas Bruinsma
    Vertaler
    Klaas Bruinsma