Frijende kikkerts
Afbeelding van Frijende kikkerts
Afbeelding van Frijende kikkerts

Frijende kikkerts

Hylkje Goïnga fertelt yn Frijende kikkerts op in hast achteleaze wize it emosjonele ferhaal oer de striid fan Martha yn de relaasje mei har man. Hy hat gjin wiere oandacht foar har en is har ûntrou. Sa komt sy yn in krisis telâne

€ 15,50



    Omschrijving

    Hylkje Goïnga fertelt yn Frijende kikkerts op in hast achteleaze wize it emosjonele ferhaal oer de striid fan Martha yn de relaasje mei har man. Hy hat gjin wiere oandacht foar har en is har ûntrou. Sa komt sy yn in krisis telâne. As se him op in dei in koarkelûker yn it boarst draaie wol om te sjen oft syn hert noch wol foar har kloppet, lit hy har opnimme yn in ynrjochting. Troch it relaas dat sy oan de minsken fan de klinyk fertelt kriget de lêzer ynsjoch yn de foarskiednis en yn wat Martha besielet. Se fynt har selsbetrouwen werom en slagget deryn om fan him los te kommen.

    It boek ferskynde foar it earst yn 1986. Dizze tredde printinge is de werútjefte fan de twadde út 2010.

    Frijende kikkerts is in roman dy’t ynearsten frij ienfâldich eaget mar dy’t safolle djipgong hat en sa raffinearre yn inoar stekt dat men sprekke kin fan in hichtepunt yn it wurk fan Goïnga en in oanwinst foar de Fryske literatuer.

    Hans Westra yn Trotwaer

    Vrijende kikkers is een diep ontroerend boek dat tegelijk ook een lach kan doen opborrelen. De intrieste wereld van Martha wordt geen kommer-en-kweldrama, maar door de bizarre opmerkingsgave en verteltrant van Martha een verhaal dat ongelofelijke indruk maakt.

    Nieuwe Dockumer Courant

    Formaat125x200 mm
    Aantal pagina's112 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurHylkje Goïnga
    Korte levensbeschrijving

    Hylkje Goïnga (1930-2001) waard berne yn in doktershúshâlding en gie nei it gymnasium yn Snits. Se wie desennia lang redakteur fan it moanneblêd De Strikel. Mei har bydragen oan dat blêd waard se bekend as skriuwster fan koarte ferhalen. Se debutearre yn 1971 mei Jantsje, ja heit… Noch fiif ferhalebondels soene folgje, fjouwer novelles en de koarte roman Frijende kikkerts. Se wie troud mei de skriuwer Anne Wadman. Har wurk hat in sterk autobiografyske ynslach.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-153-6
    EAN nummer
    9789089541536
    Auteur
    Hylkje Goïnga