Frisum Trilogy (e-boek)
Afbeelding van Frisum Trilogy (e-boek)
Afbeelding van Frisum Trilogy (e-boek)

Frisum Trilogy (e-boek)

Meinimmend, humoristysk en romantysk boek oer it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum

€ 7,50



    Omschrijving

    Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele.
    It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy’t tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei. Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret.

    Dit boek is geskikt foar in breed publyk: meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Hilda Talsma nimt de lêzer mei fleur en faasje mei yn it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum. In doarp lykas safolle oare doarpen yn Fryslân. De minsken hâlde wol fan in fersetsje, en as it dan feest is wolle de oars sa deeglike maskers noch wolris weifalle en wurdt der hjir en dêr flink bûten de stringen stapt. Dat leveret bytiden hilaryske sitewaasjes op, mar ek pynlike mominten, dy’t foar elk werkenber binne.


    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 412
    Levertijd n.v.t.
    Auteur Hilda Talsma
    Biografie

    Hilda Talsma is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen dien. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal. Se debutearre mei De twadde hûd, skreau dêrnei Flammen en It geloksbern en dizze boeken opnij útkommen as Frisum Trilogy. Dêrnei skreau se Brekber en yn 2015 ferskynde de hiel goed ûntfongen skûtsjeroman Wyn fan feroaring en yn 2016 Wyn fan de wierheid, ek in skûtsjeroman.

    Verschijningsdatum 12-07-2016

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-880-1
    EAN nummer
    9789089548801
    Auteur
    Hilda Talsma