Imitaasjelear (e-boek)
Afbeelding van Imitaasjelear (e-boek)
Afbeelding van Imitaasjelear (e-boek)

Imitaasjelear (e-boek)

Anke Stevens is yn in beskerme milieu grutbrocht dêr’t it kristlik leauwe it fûnemint is fan it bestean. Se wol har net deljaan ûnder it gesach fan har âlden en ûnder ynfloed fan har hertsfreondin Margreet skuort se har los út in fermidden fol beheinings.

€ 7,-



    Omschrijving

    Anke Stevens is yn in beskerme milieu grutbrocht dêr’t it kristlik leauwe it fûnemint is fan it bestean. Se wol har net deljaan ûnder it gesach fan har âlden en ûnder ynfloed fan har hertsfreondin Margreet skuort se har los út in fermidden fol beheinings. Op har reis nei folwoeksenens lit se in spoar fan mislearre relaasjes nei. Se wit net hoe’t se har bine moat en flechtet fan de iene relaasje yn de oare. Se brekt net allinne mei thús mar letter ek mei har âlde freonen. Se komt úteinlik sels ta de ûntdekking dat se mei Margreet brekke moat.

    Jetske Bilker hat foar har debútroman in nijsgjirrige struktuer keazen, mei in ferdieling yn twa parten, wêrby’t it twadde part in soarte fan spegeling foarmet fan it earste. Se krige yn 1990 de Fedde Schurerpriis foar Imitaasjelear. Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1988.

    Imitaasjelear bringt de iensumheid, doelleazens en ûnwissens fan in opgroeiend famke tige skerp oer.
    Jitske Kingma yn Trotwaer

    Jetske Bilker skriuwt goed, soms mei humor en snedige waarnimming.
    Anne Wadman yn Frysk en Frij

    Jetske Bilker is bysûnder goed yn de beskriuwing fan de gewoane deistige dingen, sûnder dêrmei yn it nearzige realisme te ferfallen dat sa faak it skaaimerk is fan jonge Fryske skriuwers
    Jelma Sytske Knol yn Hjir

    Formaate-boek
    Aantal pagina's260
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurJetske Bilker
    Korte levensbeschrijving

    Jetske Bilker (1960) studearre algemiene taalwittenskip. Fan 1989 oant 1995 siet se yn de redaksje fan it literêre tydskrift Trotwaer. Se wie ien fan de earste redakteuren fan it literêre ynternettydskrift Farsk en skriuwt al jierren kritiken. Imitaasjelear rôp in protte diskusje op. Yn 1997 ferskynde har ferhalebondel In nacht fan hûs, yn 2004 skreau se it boekewikegeskink Oar plak, oare tiid.

    Verschijningsdatum2012-03-05

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-373-8
    EAN nummer
    9789089543738
    Voorraad
    -
    Leverancier
    -