In brulloft yn e Walden (e-boek)
Afbeelding van In brulloft yn e Walden (e-boek)
Afbeelding van In brulloft yn e Walden (e-boek)

In brulloft yn e Walden (e-boek)

De bondel In brulloft yn de Wâlden is in kar út de bêste proazastikken fan Tsjibbe Gearts van der Meulen en útjûn ta gelegenheid fan syn 150ste bertejier. Besoargers wiene Freark Dam en Ype Poortinga. Hja neamden him njonken Waling Dykstra de wichtichste folksskriuwer fan syn generaasje

€ 6,50



    Omschrijving

    De bondel In brulloft yn de Wâlden is in kar út de bêste proazastikken fan Tsjibbe Gearts van der Meulen en útjûn ta gelegenheid fan syn 150ste bertejier. Besoargers wiene Freark Dam en Ype Poortinga. Hja neamden him njonken Waling Dykstra de wichtichste folksskriuwer fan syn generaasje. Yn syn wiere ferhalen is de skriuwer neffens de besoargers op syn bêst. Hy jout ek in skat fan ynformaasje oer himsels en syn eigen geastlike ûntjouwing, mar benammen op it stik fan kultuerskiednis en folkskunde út de foarige ieu. Der sit aksje genôch yn, sels de ‘thriller’-eftige eleminten ûntbrekke net.

    Tsjibbe Gearts van der Meulen stie bekend as folksskriuwer. Fanwege syn ûnevenredige en ritige persoanlikheid kaam er as mins en as skriuwer gauris ferrassend út ’e hoeke. Hy hie in protte fantasy en humor. Syn wurk tsjûget fan in sjoernalistike ynslach en hy hat rûnom niget oan. It belang en de apartens fan wat er belibbet bringt er yn syn ferhalen oer. Gâns fan de ferskynsels en de geast fan de 19de ieu komt de lêzer út syn wurk temjitte. Wie Waling Dykstra besteklik en bestindich, Van der Meulen wyldseauwich en fantastysk en mei it hert op ’e tonge. Utersten, alle kanten oer, yn de ienheid fan in ferwûndere en opteine persoanlikheid.
    Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1974. It boek is net omstavere.

    Formaate-boek
    Aantal pagina's177
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurTsjibbe Gearts van der Meulen
    Korte levensbeschrijving

    Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906) waard berne op ’e Burgumerdaam te Burgum. Hy wie in ûngeduerich mantsje en feroare gauris fan berop of bedriuw. Feitlik woe er leaver lêze en skriuwe, mar dêr koe er net fan bestean. Hy kaam pas echt oan syn trekken nei’t er mei it Weekblad voor Tietjerksteradeel (letter de Bergumer Courant en no noch Actief) begûn. Tsjibbe Gearts wie as skriuwer en dichter tige produktyf; hy waard ferneamd troch it Winterjûnenocht.

    Verschijningsdatum2012-04-16

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-390-5
    EAN nummer
    9789089543905
    Auteur
    Tsjibbe Gearts van der Meulen