In delgeande tiid
Afbeelding van In delgeande tiid
Afbeelding van In delgeande tiid

In delgeande tiid

In delgeande tiid is in bondel mei ferhalen oer de jongerein dy’t as kânsearm, drop-outs of rânegroepjongeren typearre wurdt

€ 17,50



    Omschrijving

    In delgeande tiid is in bondel mei ferhalen oer de jongerein dy’t as kânsearm, drop-outs of rânegroepjongeren typearre wurdt. De ferhalen spylje yn in minne tiid as benammen sokke jongeren yn in útsichtleaze situaasje bedarje, sawol finansjeel as sosjaal en maatskiplik. Troch harren problemen komme hja geregeldwei yn oanrekking mei de plysje. Foar de ferhalebondel krige Willem Verf de earste kear dat dy útrikt waard de provinsjale Fedde Schurerpriis foar debutanten.

    Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1983.

    Willem Verf liket in ‘bliuwer’ te wurden yn de rûnte fan Fryske auteurs. En ien mei in eigen plak (lofts fan ’e midden) dat er sels skjinmakket.

    Tineke Steenmeijer-Wielenga yn de Leeuwarder Courant

    De persoanen yn In delgeande tiid binne gjin plastik poppen, nee, troch Verfs goede psychologyske tekeningen binne it libbene en realistyske persoanen wurden.

    Eeltsje Hettinga yn De Nije

    Dit is in boek om wiis mei te wêzen. Aardich is ek dat der foar de feroaring werris in Fryske literêre priis goed te plak komt.

    Trinus Riemersma yn De Kul (omstavere)


    Formaat125x200 mm
    Aantal pagina's144 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurWillem Verf
    Korte levensbeschrijving

    Willem Verf waard yn 1949 yn Snits berne en groeide dêr ek op. Nei de stúdzje oan de Sosjaal Pedagogyske Oplieding waard hy foarmingslieder yn Beetstersweach. Yn 1996 krige er in beneaming as direkteur fan de Stichting Hulp en Welzijn Leeuwarden. Ek yn de provinsjale polityk wie Verf warber. Op de middelbere skoalle krige er nocht oan de skriuwerij. In oanmoedigingspriis fan it Rely Jorritsmafûns wie de oantrún ta syn earste roman It bliuwt pielen.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-195-6
    EAN nummer
    9789089541956
    Auteur
    Willem Verf​