In reis nei de moanne
Afbeelding van In reis nei de moanne
Afbeelding van In reis nei de moanne
Afbeelding van In reis nei de moanne

In reis nei de moanne

Klassiker Jules Verne no foar 't earst yn it Frysk útbrocht yn in yntegrale oersetting mei alle oarspronklike gravueres, guon sels yn kleur

€ 22,50



    Omschrijving

    Jules Verne (1828–1905) is in wiid ferneamd skriuwer út 'e njoggentjende iuw. Yn syn romans nimt er syn lêzers mei op fiere reizen, dwers troch Afrika, oer de Russyske steppes, nei de Noardpoal of nei de djipten fan 'e oseaan. Jules Verne kombinearre spannende aventoeren mei boeiende beskriuwings fan lannen en folken. Klassikers as De la Terre à la Lune (In reis nei de moanne), Le Tour du monde en 80 jours (In wrâldreis yn 80 dagen) en Voyage au centre de la Terre (De reis nei it middelpunt fan 'e ierde) hawwe al in soad generaasjes fassinearre, en noch altyd foarmet it wurk fan Jules Verne in boarne fan ynspiraasje foar filmers, skriuwers en reklameburo's.

    Yn In reis nei de moanne beskriuwt Jules Verne hoe't in bemanne kûgel mei in gigantysk kanon nei de moanne ta sketten wurdt. Net earder yn de literatuerskiednis waarden de natuerkundige en technyske eftergrûnen fan sa'n reis sa sekuer beskreaun. Verne basearde him op aktuele kennis en rôp foar de berekkenings ferneamde wiskundigen te help. De la Terre à la Lune jout dêrtroch in goed byld fan de wittenskiplike stân fan saken yn 1865. De roman hat dan ek tige bydrûgen oan Jules Verne syn reputaasje as grûnlizzer fan de science fiction. Mar efter de wittenskiplike roman binne mear lagen te finen: it ferhaal kin ek lêzen wurde as in skerpe satire op 'e driuw ta dieden fan de Amerikanen en har militarisme.

    Dizze klassiker is no foar 't earst yn it Frysk útbrocht yn in yntegrale oersetting mei alle oarspronklike gravueres, guon sels yn kleur.

    In reis nei de moanne_Inkijk.pdf


    Formaat 145x210x18 mm
    Aantal pagina's 196
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Jules Verne, oersetting Syt Bakker-Palma
    Biografie Syt Palma (1936) behelle har diploma’s foar ûnderwizeres oan de Kweekskoalle te Dokkum, en wurke dêrnei oan ferskillende skoallen, fan basisûnderwiis oant en mei fwû. It aksint kaam hieltyd mear te lizzen op it ûnderrjocht yn de Frânske taal, dêr’t hja sa efterinoar it twadde- en earstegraads foech foar behelle. Yn 1995 studearre hja ôf oan de universiteit fan Utert mei in skripsje oer Albert Camus. Fyftjin jier joech hja Frânske les oan it Gomarus College te Grins. Dêrnei wie der noch enerzjy foar in nije stúdzje: yn 2000 slagge hja foar it doktoraal eksamen Frysk oan de universiteit fan Grins.
    In pear jier lyn kaam it Jules Verne-Genoatskip mei it fersyk om ien fan de wurken fan Verne út it Frânsk yn it Frysk oer te setten. Dat waard In wrâldreis yn 80 dagen. In twadde oersetting kaam yn 2012: de ferneamde roman De Pest fan Albert Camus, dy’t yn 1957 de Nobelpriis foar literatuer wûn. Fan beide skriuwers bestie earder noch gjin oersetting yn it Frysk. En no is der in tredde oersetting klear, wer fan Jules Verne: In reis nei de moanne.
    As frijwillichster jout Syt Palma noch ynboargeringslessen oan in groep froulju ôfkomstich út Azië, Afrika en Súd-Amearika en wie hja tsien jier begeliedster fan Frânsktalige asylsikers en tolk-oersetter yn Ingelsk-Frânske tsjerketsjinsten, ek foar asylsikers. Tagelyks is hja frijwillichster by de Fûgelbeskerming.
    Syt Palma is troud mei de neerlandikus Sybe Bakker, har eardere klassegenoat fan de Kweekskoalle. Hja hawwe fjouwer bern en fjouwer bernsbern.

    Verschijningsdatum 24-02-2016

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-826-9
    EAN nummer
    9789089548269
    Auteur
    Jules Verne
    Vertaler
    Syt Bakker-Palma