It Freark Jabiks Folk (e-boek)
Afbeelding van It Freark Jabiks Folk (e-boek)
Afbeelding van It Freark Jabiks Folk (e-boek)

It Freark Jabiks Folk (e-boek)

Dit boek fertelt it ferhaal fan de bern en oantroude bern fan Freark Jabiks, in laach fan skippers en winkellju. Hiel gewoane minsken, wrotters en wramers, dy’t dreame fan in better bestean. Paulus Akkerman skreau dizze roman yn de oarlochsjierren.

€ 6,50



    Omschrijving

    Dit boek fertelt it ferhaal fan de bern en oantroude bern fan Freark Jabiks, in laach fan skippers en winkellju. Hiel gewoane minsken, wrotters en wramers, dy’t dreame fan in better bestean. Frearkje, de âldste dochter, offeret har hiele libben op, earst foar heit en dan foar har jongste broer Teade. Mei him fart se jierrenlang op de âlde snikke. Ek stiet se noed foar Durkje, de jongste dochter. Hja is troud mei arbeider Auke dy’t dreamt fan in eigen spultsje en hieltyd jild fan oaren nedich hat.
    Paulus Akkerman skreau dizze roman yn de oarlochsjierren, earst as fúljeton foar it tydskrift Yn ús eigen tael.
    Utjouwer Brandenburgh fan Snits publisearre it yn 1946 yn boekfoarm.
    Dit boek is de werútjefte fan de tredde printing út 1994. It neiwurd is fan T. Steenmeijer-Wielenga.

    Akkerman syn boek jout in staal fan ûndjip Frysk realisme, mar dat mei leafde en tagedienens de fynste brokjes fan it libben bepluzet...
    Anne Wadman yn de Tsjerne

    Troch de kostlike taal sjocht men hieltyd it glimkjen fan de skriuwer.
    Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant

    Paulus Akkerman wit syn persoanen ta libben te bringen en se prachtich te karakterisearjen.
    Jan Jongsma yn it Friesch Dagblad

    Formaate-boek
    Aantal pagina's177
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurPaulus Akkerman
    Korte levensbeschrijving

    Paulus Akkerman (1908 - 1982) groeide op yn in ienfâldich, grifformeard middenstânsmiljeu en wie bakker yn Marrum en kassier fan in bank op Skiermûntseach. Hy wie in tige populêre folksskriuwer en publisearre sa’n tweintich romans en hûnderten sketsen, kursyfkes en koarte ferhalen. Yn 1971 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman It roer út hannen en de beide bondels kursyfkes Foar de lins en Dat sadwaende.

    Verschijningsdatum2012-05-03

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-371-4
    EAN nummer
    9789089543714