It geheim fan de mist
Afbeelding van It geheim fan de mist
Afbeelding van It geheim fan de mist
Afbeelding van It geheim fan de mist

It geheim fan de mist

Prachtich printeboek Marianna van Tuinen oer Matibi, dy’t it geheim ûntdekt fan de mist op syn planeet

€ 19,50



    Omschrijving

    Op ’e planeet Alivia is it altyd mistich en einliks kinst dêr net libje. Frjemd genôch stiet dêr in grut hûs, dêr’t wêzens wenje dy’t sizze dat se tefreden binne. De pyntere Matibi leaut dat net, want wêrom rint iderien dan sa suffich rûn? En wêrom is it altyd sa dampich? Net ien wol dêr mei him oer prate of der wat oan dwaan. Ek baas Lumus en syn helpers net. Matibi giet op ûndersyk út en ûntdekt in freeslik geheim … Kin hy de minsken wekker skodzje?

    It geheim fan de mist_Inkijk.pdf

    Formaat 250x250x3 mm
    Tal siden 38
    Levertiid 2 werkdagen
    Auteur Marianna van Tuinen
    Oesetter
    Ytsje Steen-Buwalda
    Biografy

    Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten ‘Minerva’ printeboeken mei kollaazjes fan papier. Hja yllustrearre û.o. it Fryske berneboekewike-geskink fan 1995 (Gele Gijs & Lange Loeres) en de seizoenbesjochplaten foar In De Maneschijn (1993). By in tentoanstelling fan de Nederlandse Illustratoren Club yn it Stedelijk Museum fan Amsterdam wûn hja de 4e priis fan it publyk.

    Nei in perioade fan tentoanstellingen mei frij wurk is hja werom by de berneboeken: yn 2010 waarden Hoe doet de haan? en Wat doet de dolfijn? (útjouwerij Clavis) útbrocht, en ek de fioelmetoade Tovernoot (boekhannel Broekmans & Van Poppel) fan de fioeliste Anneke Wittop Koning.

    Yn 2011 brocht Elikser har boek Ando en de gouden bal út, folge troch De regenboogdolfijn (2012), Hoger en hoger (2013), De Vuurdiamant (2014), De Fjoerdiamant (2014), De buitenaardse reis van Q en Quinta (2015), De bûtenierdske reis fan Q en Quinta en yn 2016 Het geheim van de mist.

    Ytsje Steen-Buwalda is berne yn Seisbierrum op 21 april 1959. Nei de legere skoalle (yn Slootdorp, Noard-Hollân) hat sy it ateneum folge op it Lienward College yn Ljouwert, en dêrnei hat sy yn Den Haach de sekretaresse-oplieding fan Schoevers dien. Fan 1978 oant 1984 wie se administratyf meiwurkster by in notaris yn Marrum. Sûnt 2001 wurket se as freelance oersetter en korrektor, ûnder oaren foar Elikser en de Afûk. Yn 2010 hat sy it jeugdboek Koning van Katoren fan Jan Terlouw oerset yn it Frysk, en yn 2016 ferskynde har oersetting Jip en Janneke yn it Frysk.
    Verskiningsdatum 25-07-2016

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-881-8
    EAN nummer
    9789089548818
    Marianna van Tuinen
    auteur
    Vertaler
    Ytsje Steen-Buwalda