It geheim fan Lord Jim e-boek
Afbeelding van It geheim fan Lord Jim e-boek
Afbeelding van It geheim fan Lord Jim e-boek
Afbeelding van It geheim fan Lord Jim e-boek

It geheim fan Lord Jim e-boek

It boek It geheim fan Lord Jim is de spannende en skerpsinnige analyze fan hoe’t Jim besiket om te gean mei it ferskriklike ferlies fan syn eargefoel

€ 8,50



    Omschrijving

    Stel, jo binne (noch mar sa’n 23-24 jier âld) earste stjurman oan board fan in rustich âld stoomboat op de Indise Oseaan op wei nei Mekka, mei 800 pelgrims oan board. Underweis stjit dat skip midden yn de nacht lek troch in oanfaring mei in ûnder wetter driuwend heal-sonken wrak en der ûntstiet in gat oan de foarkant. It foarste kompartimint rint fol wetter en it wettertichte skud, ek al ien en al rust, bûcht gefaarlik troch. De bemanning beseft dat it skip elk momint sinke kin, dat der yn de rêdingssloepen mar plak is foar sa’n 300 minsken, en dat der toch al gjin tiid wêze sil om dy krapoan 300 minsken yn de sloepen te krijen. Se binne ek bang dat der dan ferskriklike fjuchtpartijen ûntstean sille.
    Fjouwer fan de fiif blanke bemanningsleden wolle stikem yn ien fan de sloepen útnaaie sûnder de pelgrims wekker te meitsjen. De fyfde, Jim, wol earst net, want dat is tsjin alle regels fan de skipfeart en wat de beskaafde wrâld fan in bemanning ferwachtet. Mar as de sloep mei de oaren al nêst it skip leit, en der ek noch in swiere tropise buoi driget, springt er toch. Suver sûnder it sels te wollen of te beseffen. Dy sprong bepaalt it fierdere ferrin fan syn libben. Want letter docht bliken dat dat skip, de Patna, wûnder boppe wûnder net sonken is, mar troch in Frânse kanûnearboat fûn en achterstefoaren nei Aden sleept is. Jim is de iennige dy’t yn it besef fan syn fout de rjuchtsaak bijwenje wol. Hij ferliest úteinlik net inkeld syn stjurmansdiploma, mar folle slimmer noch: syn eargefoel. Hij hat fersomme te dwaan wat de mienskip fan him ferwachte.
    It boek It geheim fan Lord Jim is de spannende en skerpsinnige analyze fan hoe’t Jim besiket om te gean mei dat foar him ferskriklike ferlies fan syn eargefoel. En hoe’t er letter, as er fynt dat er de ferwachting fan de mienskip wér beskamme hat, der net foar weromskrillet om de uterste konsekwinsje te akseptearen.
    Lord Jim is yn 1965 ferfilme troch Richard Brooks, mei yn de haadrol Peter O’Toole.

    It geheim fan Lord Jim_Inkijk.pdf

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 314
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteu/vertaler Joseph Conrad/Geart fan der Mear
    Biografie

    Joseph Conrad (1857-1924) kaam te wrâld as Józef Teodor Konrad Korzeniowski yn wat hjoed-de-dei Oekraïne is (Poalen bestie doe net as ûnôfhinklik lân). Op syn sechtjinde gong de jonge Conrad nei Marseille, min ofte mear yn ballingskip, en hij meunstere dêr oan as matroas. Sa’n fiif jier letter stapte er oer nei de Ingelse keapfardij, dêr’t er it úteinlik ta kaptein brocht.
    Hoewol’t it Poals syn memmetaal wie, en hij foaral yn it begjin better Frâns as Ingels koe (der waard yn syn famylje fan lege adel ek Frâns praat), begûn er toch, yn 1895, nei ûntslach nommen te hawwen, romans yn dy lêste taal te skriuwen – en hoe! Syn Ingels is fan in bûtengewoane skjintme en beskriuwend fermogen. It is ek net tafallich dat Conrad, dy’t it libben yn Ingelân pas op lettere leeftyd fan tichtbij kennen learde, suver al syn romans en ferhalen op see pleatste of yn oare lannen.
    Syn bekendst wurk yn Nederlân is grif Heart of darkness (1899), ek ferfilme; in flymskerpe feroardeling en analyze fan rasisme en kolonialisme. Nostromo. A tale of the seaboard (1904) is wol syn meast yndrukwekkend en ambisjeus boek. De taal is fantastys en de analyze fan de korrumpearende ynfloed fan de sulvermyn (= jild) op minsken dêr’t yn it begjin neat mis mei wie, yn in fiktyf Súd-Amerikaans lân, en de dêrtroch ûntstiene iensumheid fan inkelde haadpersoanen is ûnferjitlik. Foar mij is de Poal Joseph Conrad de grutste skriuwer yn de Ingelse taal om 1900 hinne.

    Geart fan der Mear (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk.
    Nêst taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit.

    Verschijningsdatum 14-09-2017

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-980-8
    EAN nummer
    9789089549808