It geloksbern
Afbeelding van It geloksbern
Afbeelding van It geloksbern

It geloksbern

Tredde diel yn de rige oer Elske, Ronny, Betty en oaren, wêryn’t Betty in konsert fan de Hûnekop organisearret en har suster Akkelyn ûnferwacht yn byld komt

€ 18,50



    Omschrijving

    As Betty nei in skoft yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan Evert en har dochter Ymkje witte. Se hat slim lêst fan skuldgefoel èn fan har ferbrânde earm, dy’t noch net goed genêzen is. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Se komt swier ûnder de betsjoening fan Emiel, mei in stim dy’t like rau en rûch is as de sjonger sels. Betty wol suver wer âlderwetsk los en de maten út har wylde tiid kinne de eagen net fan har ôfhâlde. Mar dan bedjert har suster Akkelyn, lykas altyd, it feest.

    Mei dit tredde diel oer Elske, Ronny en Betty slút Hilda Talsma dizze searje op in tige meinimmende wize ôf. Har flotte en humoristyske styl en de fanselssprekkende natuerlikens fan de haadpersoanen sprekke in breed publyk oan. In spannend boek, dêr’t in protte yn bart. Boeiend fan begjin oant ein.
    Earder skreau Hilda Talsma De twadde hûd, wêryn’t Ronny en Elske inoar nei jierren wer treffe. Yn Flammen stiet har houliksfeest sintraal. En yn dit tredde diel komme de ferskillende linen byinoar.

    Formaat145x210
    Aantal pagina's219
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurHilda Talsma
    Korte levensbeschrijving

    Hilda Talsma is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen dien. Mar de opfieding fan fjouwer bern mei de dêrby hearende húshâlding hie de prioriteit. No’t de bern grutter wurde en de tiid rûmer, hat se har skriuwen fierder untwikkele. Skriuwe fynt se it moaiste dat der is en se kin har der hielendal yn ferlieze. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal. Har motto is: Je binne wa’t je binne, net om wat je hawwe as wat je kinne. Elts minsk is wichtich en de dingen binne faak oars as dat je tinke.

    Yn 2009 ferskynde har earste roman De twadde hûd en yn 2011 Flammen

    Verschijningsdatum2013-09-06

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-538-1
    EAN nummer
    9789089545381