It jubeljier
Afbeelding van It jubeljier
Afbeelding van It jubeljier

It jubeljier

In roman dy’t spilet yn it tiidrek 1793-1813. Simke Kloosterman beskriuwt de striid tusken twa Ljouwerter famyljes, dy’t op ’en fûlsten wurdt as de Oranjelju en de Frânskgesinde Patriotten each yn each komme te stean.Gratis verzending

€ 21,50



    Omschrijving

    Dizze roman spilet yn de Frânske tiid, it tiidrek 1793-1813. Simke Kloosterman beskriuwt de striid tusken twa Ljouwerter famyljes, dy’t op ’en fûlsten wurdt as de Oranjelju en de Frânskgesinde Patriotten each yn each komme te stean. Ien fan har is Ripperda, dy’t it lân út moat om’t er in Oranjeklant is. Oan de ein fan de Frânske tiid komt er werom en trout mei syn grutte leafde, de widdo fan de patriot Fan Rhee. De stêd Ljouwert en de Fryske Wâlden foarmje it skildereftige dekôr by it ferhaal. In part spilet yn Ingelân en Dútslân.

    Yn it neiwurd jout de besoarger in oersjoch fan wat de krityk fan it boek sein hat: it boeit troch syn opset en de (natuer)beskriuwings, mar de histoaryske foarstelling is net altyd korrekt en de al te dúdlike foarkar foar de Oranjepartij stiet de dramatyske spanning yn ’e wei.

    Dit boek is de werútjefte fan de fjirde printing, ferskynd yn 1994. It neiwurd is fan Ph.H. Breuker.

    It is in te priizgjen besykjen fan juffer Kloosterman, in tiidrek fan it ferline, en dat sok in wichtich en nijsgjirrich tiidrek, yn syn epyske gong en dramatyske konflikt te beskriuwen.

    E.B. Folkertsma nei it ferskinen fan de earste printing yn 1927

    Dizze histoaryske roman is in monumint fan taal en in monumint fan sfearbeskriuwing. Dat jildt sawol de natuer- as de lokaasjebeskriuwing.

    Jan Jongsma yn it Nieuwsblad voor Noordoost-Friesland

    Formaat140x210 mm
    Aantal pagina's440 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurSimke Kloosterman
    Korte levensbeschrijving

    Simke Kloosterman (1876-1938) wie it iennichst bern fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman. Foar in famke yn dy tiid krige se in goede oplieding. Hja koe libje fan it jild fan har âlden en wie dêrom bysteat om har hielendal út te lizzen op it skriuwerskip. Se skreau twa grutte romans, koartere proazastikken en poëzij.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-159-8
    EAN nummer
    9789089541598