Jan Drost
Afbeelding van Jan Drost
Afbeelding van Jan Drost

Jan Drost

Tige autentyk stikje Fryske skiednis mei leafde foar it boerelibben en mei foto’s fan in bysûndere samling boere-ark.

€ 12,50



    Omschrijving

    "Wêrom wurdt my dat gund, wêrom helpe minsken my.
    Fansels tinke dy ek, oars dan wurdt sok spul mar wei.

    Mar wêrom garje ik sok ark, it tsjinnet dochs gjin doel?
    Ik kin dat net mei wurden sizze, it is wer myn djip gefoel.

    It is dat hingjen oan dy moaie tiid, dy tiid dy't net mear is.
    Ik ha dy tiid noch preaun, it wie myn moaiste sûnder mis."

    Yn dit boek fertelt Jan Drost it ferhaal fan syn libben as jonge út in húshâlding fan 16. Yn prachtige, sfearfolle taal fertelt er hoe't it der by harren thús oan ta gong. Der waard altyd hurd wurke, want, sa't heit Drost sei: "It iten komt hjir net fansels op 'e tafel." Mar der wie ek tiid om spultsjes te dwaan en gasten wiene altyd wolkom. Jan wist al jong dat hy mear fan hynders wist as fan rekkenjen en taal en kaam op in spesjale skoalle terjochte. Earst hie er it dêr op in pypfol, want in master dy't net iens wist wat tuskenriden wie soe him wol net safolle leare kinne tocht er, mar dat foel ta. Lykwols, salang't Jan op it lân wie, by de hynders, by heit, dy't him alles learde, dan fielde er him yn syn elemint. Letter krige er ek ynteresse yn famkes en hie it omgean mei de leafde earder yn de slach as it rekkenjen op skoalle. Tegearre mei it famke dat him lokkich makke sette hy him ta wenjen yn in boufallich húske oan de seedyk by Ferwert. Mar dêr spile him letter ek it grutte drama yn Jan syn libben ôf. Hy hie it tige dreech om de tried wer op te pakken. Lokkich hie er syn hynders, dy't him der altyd trochskuorre as er it dreech hat yn syn libben. Sytse Jouta hat it ferhaal fan Jan Drost opskreaun en hy hat it skitterend ferwurde, yn passende, ienfâldige taal mei each foar it Fryske boerelibben. Troch al de ynformaasje oer it âlde boere-ark dat Jan yn syn libben sammele hat, hat it ek in protte dokumintêre wearde. Sa't Jan altyd fuort sjen kinne oft in wein in echte Miedema is, is oan dit boek te sjen, dat it om in tige autentyk stikje Fryske skiednis giet.

    Formaat125 x 200 mm
    Aantal pagina's92 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurSytse Jouta
    Korte levensbeschrijving

    Ik bin berne yn Holwerd in 1941. Ik ha in oplieding hân as metaalbewurker en ha dat wurk sa'n 40 jier dien, wêrfan 30 jier as selsstandich ûndernimmer. Doe't ik yn 1999 as gefolch fan polyo yn myn jeugd, rêchklachten krige, ha ik myn saak ferkocht. Ik kom dan tafallich rillegau dêr nei, yn petear mei in man, dy't in hege funksje hat yn it gefangeniswêzen. Hy freget my oft ik der wat foar fiel, om dosint metaalbewurking yn de jeugdgefangenis yn Feanhuzen te wurden. En omdat ik wol fan útdagingen yn it libben hâld, ha ik direkt tasein dat ik dat wolris besykje wol. En dat hat de meast yndrukwekkende perioade yn myn libben oplevere. Oer dat wurk mei dy kriminele jonges in de leeftyd fan 16 oant 24 jier haw ik in bondel gefangenisferhalen skreaun. Myn motto by it omgean mei dizze jonges hat altyd west: der is net in minske hielendal goed mar ek net in minske hielendal ferkeard, mar jim sitte mei jimme jonge libben achter de traljes en dat is net bêst.

    Verschijningsdatum2008-05-23

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-025-6
    EAN nummer
    9789089540256