Koartsluting
Afbeelding van Koartsluting
Afbeelding van Koartsluting

Koartsluting

Harry rekket yn de skulden en rekket sa betize yn syn eigen leagens dat der koartsluting ûntstiet yn de ferhâlding mei syn mem

€ 15,50



    Omschrijving

    Harry Stobbe docht oars net mear as lige tsjin syn mem. Hy hat jild liend en dat jild hat er fergokt yn it kasino. No moat er fytsen stelle foar Sjors. Harry wennet yn Ljouwert. Yn in tunneltsje ûnder de rûnwei komt er yn kontakt mei Yfke Jorritsma fan de hifi-shop. Ynienen wit er in oare manier om fan syn skuld ôf te kommen... Harry rekket betize yn syn eigen leagens en dat soarget foar koartsluting yn de ferhâlding mei syn mem. En dan is Jurre der noch, klassegenoat fan Yfke, dy’t ferlyfd op har is. Hoe moat er har dat dúdlik meitsje? Geandewei reitsje de ferhaallinen fan Harry en Jurre mei elkoar ferbûn.
    Akky van der Veer skreau Koartsluting yn opdracht fan it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân by gelegenheid fan syn 75-jierrich bestean. It ferskynde yn 1991 yn ien bân mei Hoogspanning fan Jan Terlouw. Dizze werútjefte is neffens de earste, sûnder de yllustraasjes.

    It ferhaal fan Harry Stobbe is meinimmend en aktueel.
    K. Dantuma yn Frysk en Frij

    It binne libbene persoanen dy’t Van der Veer hjir delset.
    Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad

    Formaat

    125x200

    Aantal pagina's 96
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur

    Akky van der Veer

    Biografie

    Akky van der Veer (1943) folge de oplieding foar ûnderwizeres en foar Frysk MÛ-A. In tal jierren stie se yn Snits foar de klasse. Se skreau boeken foar alle soarten lêzers. Har bekendste jongereinboek is Swart op wyt út 1985, dat ek by TDE ferskynd is. Oare boeken fan har binne Grutte wurden, Kuneara en yn 2013 Brieven oan ús mem.

    Akky van der Veer is ferstoiarn yn 2019.

    Verschijningsdatum xxxxxxx

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-669-2
    EAN nummer
    9789089546692
    Auteur
    Akky van der Veer