Kritysk konfoai (e-boek)
Afbeelding van Kritysk konfoai (e-boek)
Afbeelding van Kritysk konfoai (e-boek)

Kritysk konfoai (e-boek)

Yn 1951 bondele Wadman de kritiken en essays dy’t er oant dan yn it literêr tydskrift De Tsjerne skreaun hie. Hy hifke dêryn de Fryske literatuer oan it ‘Europeeske nivo’ en besocht de selsfoldienens te trochbrekken. Dat die er mei alle skerpte, stilistysk en ynhâldlik. Hy waard oantsjut as in ‘wikel midden ’e mosken’ en krige ek de bynamme ‘de boal fan De Tsjerne’.

€ 7,-



    Omschrijving

    Yn 1951 bondele Wadman de kritiken en essays dy’t er oant dan yn it literêr tydskrift De Tsjerne skreaun hie. Hy hifke dêryn de Fryske literatuer oan it ‘Europeeske nivo’ en besocht de selsfoldienens te trochbrekken. Dat die er mei alle skerpte, stilistysk en ynhâldlik. Hy waard oantsjut as in ‘wikel midden ’e mosken’ en krige ek de bynamme ‘de boal fan De Tsjerne’. Ut de ynlieding: ‘De kronykskriuwer is him bewust dat er fan dy Fryske proazaliteratuer [fan de ôfrûne fiif jier] in beskaat byld tekene hat – in byld dat de histoarje faaks as in mistekening sjen sil. Hy avontoeret it, dat subjektive byld de lêzer foar te lizzen yn boekfoarm, om’t er him der fan bewust is, dat it ‘right or wrong, my country’ op it stik fan de kultuer in tige swak argumint is. Der kin yn alle gefallen gjin twivel oan bestean, oan hokker kant fan de tinkbyldige streek tusken ‘lektuer’ en ‘literatuer’ as er stiet. It soe him lykwols goeddwaan, as dizze kroniken bewize koene dat er dêr net mei tige noft stiet, dat it in sigerich plak is, en dat er dy imaginêre streek sels as in probleem sjocht.’
    Foar Kritysk konfoai krige Wadman yn 1952 de Gysbert Japicxpriis. Mear kritiken en essays fan Wadman binne útjûn yn It kritysk kerwei (1990) en Oer oarmans en eigen (1994), beide ek beskikber yn de ‘Nije biblioteek’.
    Dizze útjefte is de werprinting fan de earste.

    Formaate-boek
    Aantal pagina's206
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurAnne Wadman
    Korte levensbeschrijving

    Anne Wadman (1919-1997) joech al ier bliken fan syn niget oan muzyk, literatuer en it Frysk. Hy studearre Nederlânsk oan ’e Universiteit fan Amsterdam en wurke lange tiid by it ûnderwiis. Hy waard ien fan de meast produktive Fryske skriuwers en kritisy. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis, yn 1952 en 1989. Hy seach himsels lykwols net as in suksesfol skriuwer. Joke Corporaal socht út hoe’t dat kaam yn in stúdzje oer syn libben oant 1963, mei as titel Grimmig eerlijk, ferskynd yn 2009.

    Verschijningsdatum2012-04-16

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-412-4
    EAN nummer
    9789089544124