Leafdedea
Afbeelding van Leafdedea
Afbeelding van Leafdedea

Leafdedea

Leafdedea is it libbensferhaal fan Wibe Baron van Holdinga. Fan heitekant út in Frysk adellik laach en fan memmekant út in bankiersfamylje, wurdt Wibe nei de Frânsk-Dútske oarloch fan 1870-71 smoar ende smoarryk.

€ 13,50



    Omschrijving

    Wibe Baron van Holdinga, fan heitekant út in Frysk adellik laach en fan memmekant út in bankiersfamylje, wurdt nei de Frânsk-Dútske oarloch fan 1870-71 smoar ende smoarryk. Hy keapet op ’e Beurs mei opsetsin oars net as oandielen dy’t noait rendearje kinne. ‘Goud meitsje út neat’ is syn sechje. Foar Wibe syn spoek-ekonomy oer stiet yn Leafdedea de tún fan Holdingastate, in wrâld dêr’t Wibe gjin inkelde modernisearring tastiet, ‘want de tún, dat wie syn libben.’ Yn dat ierdske paradys woeks syn leafde foar Eabeltje op troch harren hertstochtlik leafdesspul. Dy leafde hoedet en besielet syn libben oan de dea ta.

    Leafdedea is in nijsgjirrige Fryske roman út 1963. Skriuwer is Homme Eernstma, pseudonym fan Feijo Schelto Sixma Baron van Heemstra (1916-1999), koartwei de Baron. Hy woe ‘de mytology wer libben meitsje’ en dat is him mei Leafdedea treflik slagge. De roman ferskynde yn 1963 by Quatrebras yn Amsterdam, en waard yn 1994 op ’e nij útjûn troch de KU te Boalsert. Amouramort, de oersetting yn it Frânsk troch Agnes Caers, ferskynde yn 1997. It boek stiet op ’e list mei boeken dêr’t Afûk B-kursisten út kieze kinne foar har literatuereksamen.

    Yn de rige ‘Nije bibleteek’ fan Tresoar, DBNL en Elikser komt no in nije edysje fan it boek út. De tekst fan de earste printing is omstavere mar fierder sa trou mooglik werjûn. Oersetster Agnes Caers fertelt yn in koart neiwurd dat de Baron yn de jierren tachtich in oersetting makke hat yn it Hollânsk, dêr’t er it slot yn feroare. Fryske lêzers kinne de alternative ôfrin no yn it neiwurd lêze.

    It boek wie yn 1963 syn tiid foarút. [...]. It is eins in fenomeen, in roman sa’t der echt yn de Fryske literatuer gjin twadde fan is.
    Jan Jongsma yn Friesch Dagblad 23-07-1994

    Een ontdekking vond ik [...] de slachtfeestviering van de veertienjarigen Eabeltsje en Wibe, die hier en daar doet denken aan L’oeil (‘Het oog’) van Georges Bataille.
    Atte Jongstra oer de blomlêzing mei Frysk proaza Fries Stamboek, gearstald troch Alpita de Jong, NRC-Handelsblad 14-07-2000

    Formaat125x200
    Aantal pagina's103
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurHomme Eernstma
    Korte levensbeschrijving

    Feijo Schelto Sixma Baron van Heemstra, Den Haach, 1916 – It Hearrenfean, 1999. Keunsthistoarikus; ryksamtner en learaar; oersetter by de EEG; oprjochter fan in fertaalburo foar minderheden yn Amsterdam. Publisearre wittenskiplike stúdzjes yn it Frysk, Hollânsk en Frânsk; ûnder de skriuwersnamme Homme Eernstma nêst Leafdedea ek Marginale Minsken (1968), Ook dit gaat voorbij (1985) en Roman Hagois (1998).

    Verschijningsdatum2011-05-18

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-302-8
    EAN nummer
    9789089543028