Libben en dea neffens Jelke Bos e-boek
Afbeelding van Libben en dea neffens Jelke Bos e-boek
Afbeelding van Libben en dea neffens Jelke Bos e-boek

Libben en dea neffens Jelke Bos e-boek

Satiryske roman Trinus Riemersma mei prakkesaasjes labrador Jelke Bos opnij útbrocht, tagelyk mei de Nederlânske ferzy

€ 6,50



    Omschrijving

    Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol begripe. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk jout er kommentaar op it libben fan de minsken yn it algemien en dat fan syn baas Omkoal yn it bysûnder. Jelke rekkenet derop dat it manuskript mei syn tinzen oer it libben en oer de dea wol troch Omkoal fûn wurde sil. 'Ik skink him it kopijrjocht, dan kin er ek nochris in buossint oan my fertsjinje.'

    ‘Fansels kinne wy hûnen wol prate, alle hûnen kinne prate al fan âlde tiden ôf oant hjoeddedei ta. Mar wy dogge it net. Wy sille wol gek wêze. As minsken yn ’e rekken krije dat wy prate kinne, dan is dat foar har in bewiis dat wy yntelligint binne en dan skêkelje se ús helendal yn it arbeidsproses yn.’

    ‘Mar no’t ik sels dwaande bin myn libben oer te eidzjen, haw ik spitigernôch gjin oare termen om myn fielingen mei te beneamen as de minsklike. Wy hûnen prate noait oer soks. En ik wit net oars of ik moat in wat grynderige toan oanslaan. No, dat liket my op fleanen, ik wol nofteren prate oer it libben en de dea en dat dwaan yn gewoane wurden.’

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 71
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Trinus Riemersma
    Biografie

    Trinus Riemersma (1938) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske auteurs fan de lêste fyftich jier. Foar syn wurk krige hy twa kear de Gysbert Japicxpriis, de heechste Fryske ûnderskieding foar oarspronklik wurk. Trije fan syn romans binne yn it Nederlânsk oerset: Fabryk (Fabriek), Minskrotten-Rotminsken (De verwoesting van Leeuwarden) en Nei de klap (Na de klap). Hy hat in libben lang skreaun.
    Hy wie dosint en haad fan de oplieding Frysk oan de Noordelijke Hoogeschool Leeuwarden (NHL). Dêrneist wie hy mei-oprjochter fan útjouwerij Venus en wurke hy as kolumnist, foar û.o. de Leeuwarder Courant.

    Verschijningsdatum 08-11-2017

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-995-2
    EAN nummer
    9789089549952
    Auteur
    Trinus Riemersma