Mem yn dizze tiid

Mem yn dizze tiid

Fersen oer berte, berntsjes en allegear aspekten fan it mem-wêzen.

€ 10,-



    Omschrijving

    Myn namme is Janny Braaksma-de Vries.
    Ik bin troud mei Gelt en wy ha twa bern: in jonkje fan tolve en in famke fan njoggen.
    De leste tiid mei ik graach dichtsje oer dingen dy ik bysûnder fyn.
    Sa kaam ik by it earste ûnderwerp fan dit bundeltsje, ‘in berteberjochtsje’.
    Uteinlik binne al dizze gedichten in ferhaaltsje wurden.
    It is gjin spannend ferhaal of in yngewikkeld drama, mar frij simpel, de gedachtegong fan in mem ...
    De heit bliuwt op ‘e eftergrûn wylst dat yn werklikheid gelokkich net sa is!
    Dit boekje ha ik yn ‘t earste plak makke foar ús bern, sadat se letter begripe kinne werom’t mem ‘sa die’ en ‘sa wie’.
    Besoarge ... stil ... drok ... bliid ...
    Gewoan in mem ... yn dizze tiid!

    Formaat125 x 200 mm
    Aantal pagina's64 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurJanny Braaksma-de Vries
    Korte levensbeschrijving

    Myn namme is Janny Braaksma- de Vries.
    Op 27 augustus 1970 bin ik berne. Ik wie de lêste yn in gesin mei njoggen bern.
    We wennen doe yn in lyts pleatske op Galgeheech yn Rinsumageast.
    Us heit wurke yn it molkfabriek en ús mem wie húsfrou. Se hie hiel graach juf wurde wollen mar yn har tiid moast men fanôf de legere skoalle fuort oan it wurk.
    Uteinlik is se toch noch in bytsje juf wurden, "mar dan fan har eigen njoggen bern," seit se wol ris. We binne mei leafde grutbrocht en it koe in protte lije thús.
    In grut en gesellich gesin, dêr't freonen ek altyd wolkom wiene.
    Spitich genôch is ús heit stoarn doe't ik noch mar acht jier wie. Ik wit noch wol dat ik dat sa slim fûn foar ús mem; har fertriet fûn ik eins slimmer as dat ik heit misse moast.
    "Heit soe no yn de himel weze ommers?" Myn acht aldere broers en susters sille it der fêst swierder mei hân ha; hja tochten fansels al fjirder.
    Us mem wie flink en die har best en sa kaam stadichoan de gesellichheid wer werom. Gelokkich hie se steun fan har âldste bern, dy't yntusken sels al troud wiene.
    Yn 1990 bin ik slagge foar de oplieding siken-fersoarchster. Ik kaam yn it ferpleechhûs yn Dokkum oan 't wurk. Der ha ik myn man Gelt kennen leard. Gelt wurket dêr ek mar dan by de technyske tsjinst. Yn 1994 binne we troud. Gelt komt út Ternaard en dêr hawwe wy nei ús trouwen in blauwe moandei wenne. Mar ik wie dêr sa ferskriklike ûnwennich dat ik him noch altyd tankber bin dat er nei in healjier wol mei my nei De Geast woe.
    Yn 1995 is ús jonkje Mame berne en twa jier letter ús famke Anna.
    Heit en mem woene we graach wurde en no't we dat binne witte we ek werom!
    De lêste tiid mei ik graach dichtsje oer dingen dy ik bysûnder fyn. Ien fan dy dingen is de berte fan in bern; en dat is wêr't myn bundeltsje mei begjint...

    Verschijningsdatum2008-12-05

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-023-2
    EAN nummer
    9789089540232