Moai waar en lange dagen
Afbeelding van Moai waar en lange dagen
Afbeelding van Moai waar en lange dagen

Moai waar en lange dagen

Yn dit boek fertelt Jan Wybenga oer syn berne- en jongfeintetiid yn de jierren tweintich en tritich yn Noardwâlde en Wolvegea. It befettet njonken twa ynliedende ferhalen fiif ‘provinciales’, dêr’t er in sterk persoanlik en humoristysk-relativearjend byld jout fan de tiid dat er opgroeide.

€ 14,50



    Omschrijving

    Yn dit boek fertelt Jan Wybenga oer syn berne- en jongfeintetiid yn de jierren tweintich en tritich yn Noardwâlde en Wolvegea. It befettet njonken twa ynliedende ferhalen fiif ‘provinciales’, dêr’t er in sterk persoanlik en humoristysk-relativearjend byld jout fan de tiid dat er opgroeide. Yn 1992 brocht Hjir in spesjaal Wybenga-nûmer út, mei ûnder oare in bewurke ferzy fan de skripsje dy’t Jarich Hoekstra oer Wybenga makke.

    Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1981.

    In dichterlike, geastige en foaral ek skerpsinnige ynterpretaasje fan skriuwers eigen jeugdjierren. En tagelyk in moaie, suver bûnte karakteristyk fan in gea en in tiid (Weststellingwerf, jierren ’30) sa’t de auteur dy yn har twingende wikselwurking ûndergien hawwe moat en op ús wit oer te bringen.

    Freark Dam yn de Leeuwarder Courant

    Moai waar en lange dagen is mear as de ‘keale’ autobiografy dêr’t guon besprekkers it foar oansjoen ha. It is in autobiografyske roman mei in moai dúdlike algemiene tematyk.

    Jarich Hoekstra yn syn skripsje oer Wybenga

    De lêzer komt hjir yn de kunde mei in wize fan oanbieden fan autobiografysk materiaal dy’t ôfwykt fan de wenstige yn dy sin, dat men ûnder it lêzen mar amper oan de persoan fan de autobiograaf tinkt, mar mear yn it algemien oan in Fryske doarpsjonge fan fjirtich, fyftich jier lyn.

    Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad

    Formaat140x210 mm
    Aantal pagina's139 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurJan Wybenga
    Korte levensbeschrijving

    Jan Wybenga (1917-1994) waard benammen bekend as dichter, dy’t opfoel troch in eigen en eigentiidske toan. Hy groeide op yn Wolvegea en wurke yn it ûnderwiis. Hy krige twa kear de Gysbert Japicxpriis foar syn poëzij. Hy skreau ek ferhalen, mear as hûndert kritiken yn de Leeuwarder Courant, en wie redakteur fan De Tsjerne en Trotwaer. Yn 1982 wie hy de earste Fryske dichter op Poetry International.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-186-4
    EAN nummer
    9789089541864