Moriaan, de Swarte Ridder
Afbeelding van Moriaan, de Swarte Ridder
Afbeelding van Moriaan, de Swarte Ridder

Moriaan, de Swarte Ridder

Aventoerlik midsieusk ferhaal mei in swarte ridder as haadpersoan, treflik oerset troch Klaas Bruinsma

€ 15,-



    Omschrijving

    Moriaan, de swarte ridder, is net de Kweade yn persoan. Mar, bûten dat er in swarte rissing oan hat, hat er ek in hielendal swarte hûd. As sadanich jaget hy by in bulte minsken de skrik der yn. Mar net by Walewein en Lanselot, dy’t nei in earste skermessearring ienriedich mei him op ’en paad tsjogge, fral as se merke dat Moriaan in kristen is. De queeste fan Moriaan is dy nei syn heit Aglawal, de broer fan Persewal. Aglawal hat destiids as krúsridder by in Moarske frou in bern oanset. Hy hat syn eed fan trou oan de frou brutsen troch net wer by har werom te kommen, omt hy op syk moast nei de ferdwûne Lanselot.
    No, fjouwerentweintich jier letter, komt Moriaan nei Brittanje om syn heit te sykjen, om syn mem dêrmei rjocht te dwaan, en om syn rjochtmjittich besit op te easkjen.
    Yn dit aventoerlike ferhaal komme we alle bekende midsieuske eleminten tsjin, sa as in jonge faam yn it nau dy’t befrijd wurde moat, in rôversbinde, in klûzner dy’t rie jout, in meunster dat rûnom eltsenien yn ’e besnijing hat, en fansels in falske ridder. Om syn doel te berikken fjochtet Moriaan earst hiel wat ôf. En hoe’t it ôfrint ... ?

    In ferhaal fol eare en trou, goed en kwea, trochsetten, boete dwaan en oerwinnen. Mei in bulte psychologysk ynsjoch en in hast hjoeddeiske frisheid set de midsieuske skriuwer syn karakters en dialogen del. Treflik oerset troch Klaas Bruinsma, dy’t hjirmei al wer in peareltsje tafoeget oan syn rige fan oersette midsieuske titels: Marike fan Nijmegen, Floaris en Blankefloar, Walewein, Fergút.

    Formaat125x200 mm
    Aantal pagina's161 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    Auteurvertaler: Klaas Bruinsma
    Korte levensbeschrijving

    Nei syn pensioen hat Klaas Bruinsma (1931, Easterein) him hielendal wijd oan syn grutte leafde, it oersetten fan klassiken út de wrâldliteratuer. As gymnasiast wie er dêr al mei begûn. Yn 1993 krige Bruinsma de dr. Obe Postma-priis foar syn oersetting fan trije trageedzjes fan Sofokles: Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos. It sjueryrapport meldde dat Bruinsma yn syn oersetting tichte by de oarspronkelike tekst bleau, mar dat hy oersette mei each foar it feit dat de stikken bedoeld binne om te spyljen.
    Yn 1993 krige Bruinsma de kultuerpriis fan de gemeente Gaasterlân-Sleat 'foar syn fertsjinsten foar it behâld fan de Fryse taal.' Yn 2005 is him opnij de dr. Obe Postma-priis tagekend, no foar syn oersettingen yn it tinkboek fan Gysbert Japix, de bundel Lânwurk mei de oersetting fan Vergilius' Georgika, en mei namme foar syn oersetting fan de Ilias en de Odusseia fan Homêros. De publicaasje hjirfan krige in soad oandacht.
    De dichter-klassikus Piet Gerbrandy sei yn de Volkskrant: 'Je zou zonder veel overdrijving kunnen zeggen dat een literatuur pas volwassen is wanneer ze Homêros vertaald, verwerkt en achter zich gelaten heeft.'
    Jabik Veenbaas neamt it yn de Leeuwarder Courant 'Een monument voor een kleine taal.'

    Verschijningsdatum2011-07-06

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-313-4
    EAN nummer
    9789089543134