Obe Postma e-boek
Afbeelding van Obe Postma e-boek
Afbeelding van Obe Postma e-boek
Afbeelding van Obe Postma e-boek

Obe Postma e-boek

Twillingboek mei yn diel 1 libben, komôf en wurk fan Obe Postma en yn diel 2 yngeande besprekken fan it wurk fan Postma

€ 9,50



    Omschrijving

    In libben dat bloeide nei syn aard

    In libben dat bloeide nei syn aard is in twillingboek oer it libben en wurk fan de bekende Fryske dichter en wittenskipsman Obe Postma (1868-1963).
    It earste diel, Al wat ik skriuw, dat is wier bard is skreaun troch Tineke Steenmeijer-Wielenga en behannelet Postma syn libben, syn komôf en famylje. Brieven en argyfstikken binne hjir wichtige boarnen foar in protte nijsgjirrige feiten oer Postma en syn warberens op it gebiet fan poëzij en wittenskip.
    It diel Fier haw ik myn dreamen weide / En de himmel iepen sjoen is skreaun troch Geart van der Meer en bestiet út seis yngeande ‘lêsferslaggen’ fan de poëzij fan Postma, mei dêrnêst inkelde artikels fan him oer Postma syn oersettingen (fan Emily Dickinson, Rainer Maria Rilke en Edna St. Vincent Millay). Fierder is ek opnommen syn gearfetting fan de filosofy fan Postma.
    Foar elke leafhawwer fan de poëzij fan Postma in oanrieder!

    Inlibbendatbloeide_Inkijk.pdf

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 426
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Tineke Steenmeijer-Wielenga en Geart van der Meer
    Biografie

    Tineke Steenmeijer-Wielenga (1946) waard berne yn Assen en groeide op yn Dordrecht. Se studearre Nederlânsk en Frysk oan de universiteit fan Utert. Letter krige se wurk by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) yn Ljouwert en waard yn 1986 konservator. Se publisearre in grut tal artikels oer literêr-histoaryske ûnderwerpen.

    Geart van der Meer (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1984 ferskynde syn dichtbondel Skûl bij Hanklit, en yn 1987 in bondel mei 25 sonnetten, Winterkriik.
    Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk. Hy levere yn 1990 de Fryske oersetting fan de opera Rixt fan Henk Alkema. Nêst taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit.
    Yn 2009 ferskynde It Paradys Ferlern, syn metryske oersetting fan it ferneamde Paradise Lost fan John Milton (1674), it epos oer de sûndefal yn it paradys. Yn 2010 ferskynde de klassiker fan Thomas Hardy, Tess fan de D’Urbervilles, oer suverens en it ferliezen fan ûnskûld. Ein 2011 foltôge Fan der Mear de oersetting fan de Idylls of the King, Alfred Tennyson syn 19-ieuske bewurking fan de midsieuske ferhalen oer de Britske Kening Artur en syn úteinlik mislearre striid tsjin ûnrjocht en de gaos fan wetteleazens: De fal fan Camelot, De val van Camelot.
    Yn 2013 kaam De griene ierde (Green earth, 1973) út fan Frederick Feikema Manfred. Dit boek wurdt beskôge as it masterwurk fan Frederick Manfred. It boek beskriuwt it houlik fan syn âlden (1909) en de jeugd fan Alfred Alfredson en is suver folslein autobiografys. It boek is, lykas al syn saneamde ‘farm novels’, breed fan palet en episoadys fan opbou, mei in grutte oandacht en leafde foar it detail yn beskriuwingen. En 2013 ferskynde ek de ferneamde roman De tiidmasine fan H.G. Wells út 1895 oer in tiidreizger yn in wrâld dy’t sa’t skynt sûnder sykten en tekoart is. En yn 2015 kaam David Copperfield fan Charles Dickens út, it bekendste boek fan de 19e ieu oer ferrie fan fertrouwen, it ûnthâlden fan leafde, it misbrûken fan macht oer swakkeren.

    Verschijningsdatum 26-07-2017

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-940-2
    EAN nummer
    9789089549402
    Auteur
    Geart fan der Mear
    Tweede auteur
    Tineke Steenmeijer-Wielenga