Oerfeart
Afbeelding van Oerfeart
Afbeelding van Oerfeart

Oerfeart

Yn dizze roman sketst Aggie van der Meer oan de hân fan har eigen famyljeskiednis de rol dy’t ymmigranten troch de jierren hinne yn Fryslân spile ha. Har styl is unyk: tagelyk poëtysk, koart en ta de kearn.Gratis verzending

€ 20,-



    Omschrijving

    Yn de histoarise roman ‘Oerfeart’ fiert Aggie van der Meer petearen mei har joadse foarfaar en har Dútse beppe. Dêrfor hellet se har oer fan it Ryk fan ’e Dea nei dat fan it Libben.

    ‘De âlden fan Markus Sekkel wienen net om ’e nocht út de Dútse lannen wei nei de Republyk fan ’e Ferienige Nederlannen flechte, al wisten se dat se ek dêr net mei iepen earmen ferwolkomme wurde soenen. Se moasten om te begjinnen noch mar ôfwachtsje oft se de nedige papieren krije soenen. Dat soe ynearsten rêst jaan. Al it oare dêr’t minsken nei útsjogge: in hûs, in knappe nearing, it goed meiïnoar buorjen, wie tajefte. Wêr’t se wis fan wêze koenen wie de foarriedige treast fan lotgenoaten.’

    Foar ‘Oerfeart’ krige Aggie van der Meer yn 2011 de Piter Jelles Priis.

    Parse oer har romans:

    Lytse roman fan Jon Fels

    In konsintrearre masterwurkje, skreaun yn in mearke-eftige styl. (Ynternettydskrift Farsk)

    Gefoel foar sfeartekening en skerpsinnige psychology. (Literêr tydskrift Hjir)

    Untdekking fan de wrâld:

    De earste twa haadstikken lêze as in trein, omreden fan de mylde humor, de poëtyske styl. Elk haadstik fan it lêste skift is in fynbeslipe juwieltsje.

    Formaat135x200 mm
    Aantal pagina's247
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurAggie van der Meer
    Korte levensbeschrijving

    Aggie van der Meer is op 2 septimber 1927 berne yn Boalsert. Se wie aktyf yn de fredesbeweging en wie ien fan de inisjatyfnimsters fan Leefbaar Friesland, in beweging dy't him ynset foar de sosjale ferhâldings yn tsjerke en maatskippij en foar biologyske lânbou.
    Van der Meer is op lettere leeftyd begûn mei it skriuwen fan gedichten en proaza. Foar de fredesbeweging en Leefbaar Friesland skreau se wol altyd al artikels. Mei it skriuwen fan literêr wurk sette se útein doe't se ophold mei har oare aktiviteiten. Har debút yn boekfoarm De stêd, it bist, de ingel, mei as ûndertitel Balladeske, kaam út yn 2000 by útjouwerij Frysk en Frij. Aggie van der Meer hâldt har dwaande mei únderskate literêre sjenres. Nei har earste dichtbondel en har earste roman kaam yn 2004 in saneamde ferhaleroman fan har út: Untdekking fan 'e wrâld, yn datselde jier folge troch de dichtbondel Wachtsjen op it daagjen. Utjouwerij Frysk en Frij publisearre yn 2005 har twadde roman Pauwehôf. Har Lytse roman fan Jon Fels waard yn 2004 yn in Hollânske oersetting útbrocht mei de titel Kleine roman van Jon Fels. De hjistorise famyljeroman Oerfeart ferskynde yn 2006 en dêr hat se dit jier de Piter Jelles Priis mei wûn.

    Verschijningsdatum2011-07-15

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8566-014-9
    EAN nummer
    9789085660149