Peke Donia
Afbeelding van Peke Donia
Afbeelding van Peke Donia

Peke Donia

It ferhaal fan in Fries om utens, dy’t langst hat nei it heitelân, mar it yn Fryslân ek net fine kin. It is de striid tusken langstme nei de ûnbekende fierten en ûnwennigens nei it fertroude fan de bernetiid. De iensumens fan de minske wurdt op in tige byldzjende wize beskreaun.Gratis verzending

€ 21,50



    Omschrijving

    Peke Donia, de koloniaal is it ferhaal fan in Fries om utens, dy’t langst hat nei it heitelân, mar it yn Fryslân ek net fine kin. It is de striid tusken langstme nei de ûnbekende fierten en ûnwennigens nei it fertroude fan de bernetiid. De iensumens fan de minske wurdt op in tige byldzjende wize beskreaun. It boek is in bondeling fan wat oarspronklik twa romans wiene: Paed oer ’t hiem (1937) en Paed nei eigen hoarnleger (1940), dy’t yn 1943 foar it earst yn ien bân útjûn waarden as Peke Donia, de koloniaal.

    Dizze útjefte is de werútjefte fan de seisde printing út 1992 mei in neiwurd fan T. Steenmeijer-Wielenga.

    Yn Haisma’s teksten hearsket in spanning tusken ‘thús’ en ‘om fierens’, dy’t yn in romantysk realisme genêzing besiket te finen.

    Klaes Dykstra yn it Lyts hânboek fan de Fryske literatuer

    Hy wol foar de macht fan de doarps-adat bûge, én hy wol dy trochbrekke. Treft men ûnder de Friezen om jin hinne en dy út earder ieuwen net opfallend faak syn gelikens? Dêrom allinne al kin men in boek as ditte feilich noch hiel wat werprintingen foarsizze.

    D.A. Tamminga yn De Tsjerne

    Haisma jout in ynkringende beskriuwing fan de inerlike striid fan de swalker Peke. Dat hat grif te krijen mei it autobiografyske elemint yn de roman.

    Jan Jongsma yn it Friesch Dagblad

    Formaat145x210 mm
    Aantal pagina's431 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurNyckle J. Haisma
    Korte levensbeschrijving

    Nyckle J. Haisma waard yn 1907 berne te Ie. Om’t er as skoalmaster yn Fryslân gjin fêst wurk krije koe, slagge er nei Medan op Sumatra. Hy kaam ien kear mei ferlof werom yn Fryslân en wie letter fan doel nei de oarloch foargoed werom te kommen. Safier kaam it net. Noch mar 35 jier âld ferstoar er yn 1943 oan diftery yn in Jappekamp. Yn 1948 krige er postúm de Gysbert Japicxpriis foar de novelle Simmer.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-175-8
    EAN nummer
    9789089541758