Piksjitten op Snyp
Afbeelding van Piksjitten op Snyp
Afbeelding van Piksjitten op Snyp

Piksjitten op Snyp

Piksjitten op Snyp is De Haan syn masterwurk. Yn dizze roman fjochtsje twa skriuwers om de oantinkens fan it jonkje De Lytsk. De Grutsk fertelt hiel flot ferhalen, dy’t Ika2 ta in roman bewurkje wol.Gratis verzending

€ 24,50



    Omschrijving

    Yn dizze roman fjochtsje twa skriuwers om de oantinkens fan it jonkje De Lytsk. De Grutsk fertelt hiel flot ferhalen, dy’t Ika2 ta in roman bewurkje wol. Foarfallen dy’t De Lytsk yn syn jeugd yn it doarp Snyp meimakke hat, spylje in wichtige rol: it opblazen fan kikkerts, it knikkerjen, de dea fan pake of syn earste seksuele wjerfarren mei De juf Annach. Fia oan hûs bestelde huorren ropt De Grutsk oantinkens op oan froulju út it ferline, en Ika2 leveret dêr kommintaar op. As De Grutsk oan de ein de slottango dûnset mei de tophoer De Fryd komme alle toutsjes byelkoar.
    Piksjitten op Snyp is De Haan syn masterwurk. De namme Snyp ferwiist nei Peins, it doarp dêr’t er grutwaard. It boek ferskynde yn it Nederlânsk ûnder de titel Kikkerjaren, oerset troch Harmen Wind. Dizze printing is de werútjefte fan de earste printing út 1999.

    It is in merakel hoe’t it De Haan slagget om út it perspektyf fan De Lytskwei in grotesk, surrealistysk byld te jaan fan wreed, ûnmeilydsum, bekrompen en ûnminslik doarpslibben. As alwittende ferteller bringt er rykdom oan taal en in grut stilistysk fermogen yn, mar dat komt allegear eins noait tusken de lêzer en De Grutsk yn te stean.

    Piter Boersma yn Hjir

    Ik vind dit een bijzonder en zeer aanstekelijk boek. De Haan heeft er een mooie voorstelling van gemaakt die doelbewust een voortdurend nieuwe toonzetting en sfeer op de planken brengt, clownsnummers, platte seks, hogere acrobatiek en diepe ernst...

    Kees ’t Hart yn De Groene Amsterdammer

    Formaat140x210 mm
    Aantal pagina's510 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurJosse de Haan
    Korte levensbeschrijving

    Josse de Haan (1941) is syn libben lang aktyf as Frysk skriuwer en dichter. Konstante yn syn wurk is de foarleafde foar 'oare literatuer' heaks op de gongbere skriuwerij. Hy krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar it fernijende yn syn hiele proaza-oeuvre.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-164-2
    EAN nummer
    9789089541642