Reade snie en swarte hagelstiennen
Afbeelding van Reade snie en swarte hagelstiennen
Afbeelding van Reade snie en swarte hagelstiennen

Reade snie en swarte hagelstiennen

Alternative boerestedsroman Josse de Haan yn monoloochfoarm

€ 16,-



    Omschrijving

    Fan jongsôf hie myn eks – it superreptyl haw ik him foar mysels neamd, yn it ferlingde fan it aartsreptyl, ús heit – in heel goed kontakt mei ús dochter. Ik minder. Sa’t ik net mei ús mem opsjitte koe, omdat se in sloof en in trut wie, sa hie myn dochter altyd rûzje mei my. Doe’t se opgroeide. Se fûn har heit ynteressant, want dat wie in skilder. Ik wie yn har eagen helendal neat.

    Foar de haadpersoan yn dit boek binne manlju allegear reptilen. En der is mar ien manear om der mei om te gean: dwaan as rekket it je net, mar yntusken stadich fergif struie. Dat is better as deastekke, of yn ien kear fergiftigje en it wurket effisjinter.
    De frou dy’t hjir har monolooch hâldt is dêr in master yn wurden. En al liket har itselde te oerkommen as har mem: brûkt wurde troch in man dy’t oare wiven pakt, úteinlik wint sy. Foardat har man it troch hat, rekket er alles kwyt, krekt sa’t de froulju yn dit boek alles kwyt rekken, sels harsels. Yn dizze novelle fertelt se har ferhaal. Oer de minne jierren, it tekoart oan jild, de fernederingen, de hypokrysy. En… oer de wraak.

    Josse de Haan hat mei dizze novelle in nij sjenre oan syn al breed literêr palet tafoege: in alternative boerestedsroman yn monoloochfoarm.

    Reade snie en swarte hagelstiennen_Inkijk.pdf

    Formaat 145x219x14 mm
    Aantal pagina's 154
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Josse de Haan
    Biografie

    Josse de Haan is berne en opgroeid yn Peins, in doarp noardeast fan Frjentsjer. De Haan folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Fan 1962 oant 1971 wie er haad fan de iepenbiere ienmansskoalle te Hjerbeam, dy't yn 1967 in twamansskoalle waard; Trinus Riemersma waard yn 1970 syn direkte kollega.
    Yn 1971 krige De Haan in beneaming as learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip te Skagen yn Noard-Hollân, dêr’t er him ek nei wenjen sette. Njonken syn wurk studearre er MO-Nederlânsk oan it Nutsseminary fan de UvA en oan de Vrije Leergangen VU, beide yn Amsterdam. Fan 1982 ôf wenne er dêr ek.
    Yn 1988 sei er it ûnderwiis farwol en wijde er him alhiel oan it skriuwen. Josse de Haan festige him, neidat er wer in skoft yn Fryslân wenne hie, yn 1999 yn it Súd-Frânske grinsplak Hendaye oan de Golf fan Biskaye. Hy wennet dêr tegearre mei syn partner, de Spaansk-Baskyske skriuwster Maite Gonzalez Esnal.

    Verschijningsdatum 09-09-2016

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-889-4
    EAN nummer
    9789089548894