Ridder fan Snits I
Afbeelding van Ridder fan Snits I
Afbeelding van Ridder fan Snits I

Ridder fan Snits I

Rienk Bockema (1350-1436) giet mei de kening fan Ingelân op krústocht om fan syn skuldgefoel ôf te kommen

€ 18,-



    Omschrijving

    Rom

    Yn 1999, op ’e kop ôf 600 jier neidat de Snitsers de stins Rodenboarch delhelle hiene, ferskynde it earste diel fan Willem Tjerkstra syn histoaryske roman Ridder fan Snits oer Rienk Bockema (1350-1436). Rienck hie as jonge in famke oanfallen en miend dat er har ferdrinke litten hie. Dat levere him in nitigjend skuldgefoel op. Undertusken hie er ek langstme nei frijheid en aventoer. Mei de kening fan Ingelân gie er op krústocht om fan syn skuldgefoel ôf te kommen. Hy focht op Rhodos tsjin de Turken, waard yn 1372 yn Ingelân ta ridder slein en gie doe werom nei Snits, dêr’t er him nei wenjen sette op Rodenboarch. Dêr einiget dit earste diel fan de trilogy. De dielen ii Skuld en iii Boete ferskynden yn 2000 en 2001. Tjerkstra krige der twa jier letter de Gysbert Japicxpriis foar.

    Dizze twadde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1999.

    Tjerkstra makket fan Rienk Bockema net in gewoan minske, mar in alderminsklikste minske, en dêrmei in held, net in Fryske held, mar in literêre held. [...] De sûplesse dêr’t Tjerkstra de histoaryske en literêre wrâld mei kombinearret is fan heech nivo. Sjochst soks [...] ek by Umberto Eco De naam van de roos, en Patrick Süskind Het parfum.

    Advyskommisje Gysbert Japicxpriis

    De aventoerlike ferhalen wit de skriuwer mei faasje en meinimmend te fertellen. De ferskillende lokaasjes wit er oertsjûgjend op te roppen, hjir en dêr mei fernimstige details.

    Sybren Sybrandy yn Trotwaer

    Formaat125x200 mm
    Aantal pagina's215 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurWillem Tjerkstra
    Korte levensbeschrijving

    Willem Tjerkstra (1943) wurke yn it basisûnderwiis en wie letter meiwurker fan It Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding Fryslân (MSÛ) yn Ljouwert. Hy lei him út op it skriuwen fan Frysk lesmateriaal en levere stikken foar de learlingeblêden Sjedêrrr!!! en De Holder. Yn syn debút, de jeugdroman De wite kastanje út 1986, bliek daliks al syn foarleafde foar histoaryske ûnderwerpen. Hy publisearre foar bern en foar folwoeksenen.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-206-9
    EAN nummer
    9789089542069
    Auteur
    Willem Tjerkstra