Rys mei rezinen Grot mei krode
Afbeelding van Rys mei rezinen Grot mei krode
Afbeelding van Rys mei rezinen Grot mei krode

Rys mei rezinen Grot mei krode

Boartlike en humoristyske bondel mei as tema’s ferfrjemding, ferwûndering en oantinkens oan earder tiden.

€ 10,-



    Omschrijving

    Noch ien kear wol ik my útrisse ta de striid: ien kear noch ynbrekke yn ’t libben, op ’e râne fan ’e tiid. Mar de tekens stean faai: besingele wurd ik troch in heksekring, begnúfd troch in duvelsaai, hoannen kraaie yn ’e jûn, ik puozje sâlt op ’e grûn, sweltsjes ha besletten by ’t bouwen fan in nêst myn hûs te mijen, nachts heazje harmoanika’s benearjende meldijen, by ’t lemieren mâlbeare akke-tsjoensters yn koar, in hoefizer hinget ferkeard om oan ’e doar, klokswichten lizze op ’e flier, in spegel leit oan barrels, swarte krieën âlje om ’e gibbegatten, swarte katten strûpe troch ’t strewel en flechtwegen rinne allegearre ûnder ljedders del. ’t Is alle dagen duveldei! Wêr fyn ik noch in útbrekwei?

    Dizze bondel, yn de fan Meindert Bylsma bekende boartlike en humoristyske styl hat as tema’s ferfrjemding, ferwûndering en oantinkens oan earder tiden. Bylsma kombinearret koartswyl en earnst op linige en orizjinele wize.

    Formaat145x210
    Aantal pagina's45
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurMeindert Bylsma
    Korte levensbeschrijving

    Meindert Bylsma (1941) waard berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer en joech in skoft les om utens. Pleage troch ûnwennigens kaam er al gau wer yn Fryslân (Kimswert) werom. Bylsma bleau oant syn pensjonearring learaar Nederlânsk en nifeljen yn Harns.

    Hy is de skriuwer fan in grut oeuvre, sawol poëzij as proaza, mei in opfallende kombinaasje fan boartlikens en earnst.

    Verschijningsdatum2013-08-26

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-560-2
    EAN nummer
    9789089545602