Samle fersen fan Pyt van der Burg
Afbeelding van Samle fersen fan Pyt van der Burg
Afbeelding van Samle fersen fan Pyt van der Burg

Samle fersen fan Pyt van der Burg

In swietlûdich treurliet fan de jongferstoarne dichter Pyt van der Burg, soan fan Jan Linses van der Burg, skriuwer fan It Heitelân

€ 13,50



    Omschrijving

    No is it heechste lok my jûn,
    Dat ea in minske op ierde fûn;
    Ik fiel it om my hinne
    En dochs soe ’k skrieme kinne.

    Yn 1934 is it boekje ‘Fersen’ fan de jong ferstoarne Pyt van der Burg útkommen.

    Yn De Tsjerne fan desimber 1957 binne de net earder publisearre gedichten fan Van der Burg ferskynd, mei in ynlieding fan Dr. Y. Poortinga. Tegearre binne se no bondele yn dit boek.

    Poortinga skriuwt oer Van der Burg: “It wurk fan Pyt van der Burg is in ‘swietlûdich treurliet’, krekt as de skriezerop. It is foar in grut part natuerlyryk, mar troch de blydskip om it belibjen fan de natuer hinne brekt hieltiten wer de klacht oer it eigen net te hieljen leed.”

    Pyt van der Burg is de soan fan Jan Linses van der Burg (de skriuwer fan It Heitelân). Hy waard berne yn 1893 te Boazum, en ferstoar yn 1922 oan tb. Fan hûs út Fries en Frysksinnich, rekke er oan it skriuwen nei in swiere sykte en ûnder ynfloed fan de Jongfryske beweging. Syn fersen waarden skreaun fan 1918-21, en ferskynden foar it grutste part yn Frisia.

    Formaat145x210
    Aantal pagina's70
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurPyt van der Burg
    Korte levensbeschrijving

    Soan fan Jan Linses van der Burg (de skriuwer fan It Heitelân) waard berne 8 sept. 1893 te Boazum, en ferstoar 16 febr. 1922 te Jelsum.
    Fan hûs út Fries en Frysksinnich, rekke er oan it skriuwen nei in swiere sykte en ûnder ynfloed fan de Jongfryske beweging. Syn fersen waarden skreaun fan 1918-21, en ferskynden foar it grutste part yn Frisia.

    Om har Fryskens en suverens hat de Fryske Bibleteek besletten se te sammeljen, yn tankber oantinken oan de skriuwer.

    Verschijningsdatum2012-10-10

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-475-9
    EAN nummer
    9789089544759