Sint Brandaan yn fjouwerfald
Afbeelding van Sint Brandaan yn fjouwerfald
Afbeelding van Sint Brandaan yn fjouwerfald

Sint Brandaan yn fjouwerfald

Fjouwer ferneamde wurken oer de seefarder Brandaan, dy’t oer it wetter syn missys útdraacht.

€ 17,50



    Omschrijving

    Sint Brandaan is in Ierske abt - en hillige - út de twadde helte fan ’e sechsde ieu. Hy wurdt ferneamd omt er yn Ierlân mannich kleaster stiftet. Lykwols stiet syn wíere libbensrin yn ’t skaad fan alderhanne leginden oer him. Hy wurdt de seefarder neamd omt er oer it wetter syn missys útdraacht. Foar de midsieuske minske is de wrâld noch fierhinne in mystearje. De wide see, it swide lân dêrefter, alles moat noch ûntdutsen wurde. De leginden beskriuwe kleurrike en merakelse wûnders. Wêr’t de lju gjin aan fan ha, ferklearje se mei har eigen optinksels, lykas hjoeddedei by science fiction.

    Fjouwer ferneamde wurken oer Brandaan binne hjir yn ’t Frysk byinoar swile. De oersetting út it Latyn is fan Eibert van der Veen, Klaas Bruinsma hat de oersetting en beriming fan ’e Middelnederlânske tekst fersoarge. In moai-folsleine samling oer Sint Brandaan yn geve taal. In treflike oanfolling op ’e hieltyd groeiende Fryske bibleteek fan oersettingen.

    Formaat125x200mm
    Aantal pagina's237
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurKlaas Bruinsma
    Korte levensbeschrijving
    Verschijningsdatum2012-03-15

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-425-4
    EAN nummer
    9789089544254