Slangen ûnder it bêd e-boek
Afbeelding van Slangen ûnder it bêd e-boek
Afbeelding van Slangen ûnder it bêd e-boek

Slangen ûnder it bêd e-boek

Spannende jeugdroman oer in avontoer mei de klasse yn Amsterdam en in reis nei Suriname, op syk nei in Piipster skûtsje

€ 6,50



    Omschrijving


    Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út ’e naad om har werom te finen en sa komme se yn ’e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta in ferrassende reis nei Justine har bertelân, Suriname.

    Hilda Talsma hat namme makke mei har flotte, meinimmende romans De twadde hûd, Flammen, It geloksbern (bondele yn Frisum Trilogy), Brekber en har skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid en Wyn fan de winners. Slangen ûnder it bêd is har earste jeugdroman, skreaun nei in idee fan Henk de Vries.

    Slangen ûnder it bêd_Inkijk.pdf


    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 185
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Hilda Talsma
    Biografie

    Hilda Talsma is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen dien. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal.
    Mei Wyn fan de winners hat Hilda Talsma in skûtsjeroman skreaun dy’t in breed publyk oansprekke sil. Flot, fermaaklik en meinimmend. Har eardere skûtsjeromans, Wyn fan feroaring (I) en Wyn fan de wierheid (II) wiene beide Boek fan de Moanne yn de simmer. Earder skreau sy trije romans oer it doarp Frisum: De twadde hûd, Flammen, It geloksbern (bondele yn Frisum Trilogy). Dêrnei folge Brekber, oer Sinne, in jonge frou dy’t hiel goed mei hynders omgean kin.
    Slangen ûnder it bêd is har earste jeugdroman, skreaun nei in idee fan Henk de Vries.

    Verschijningsdatum 27-07-2017

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-973-0
    EAN nummer
    9789089549730
    Auteur
    Hilda Talsma