Ta Jo
Afbeelding van Ta Jo
Afbeelding van Ta Jo

Ta Jo

Folksaardige fersen en humoristyske ferhalen, ynspirearre troch de leafde fan de skriuwster foar har Himelske Heit

€ 25,-



    Omschrijving

    Ta Jo is in bondeling fan de fersprate gedichten, ferhalen en spreuken fan Marije Haaima-Hoekstra. De bondeling is gearstald troch dûmny Paul Hekstra, dy’t ek foar de bewurking soarge hat. Hekstra hat dizze taak op him nommen om’t er rekke waard troch de krêft fan it boadskip fan Marije Haaima-Hoekstra. Hy neamt har wurk gjin profesjonele literatuer mar folkslektuer. “Dochs kin men yn de gedichten it gefoel krije, dat har emoasjes har ta in benei literêr nivo brocht hawwe. Har emoasjes fielt men, as men de gedichten lêst oer it libbenslot, de natuer en de bern. Humor leit yn de koarte ferhalen.” Oanlieding foar it útbringen fan dizze bondel is it feit dat de skriuwster takom jier tachtich wurdt. Yn dizze bondel is net it yntegrale wurk opnommen, mar der is keazen foar in yngeande ferkoarting fan it fammeferhaal Jinneke en it jongesboek Piter Propke. Yn de ynhâldsopjefte steane alle titels fan de gedichten en de koarte ferhalen en alle boektitels. De bondel jout in bysûnder byld fan it wurk fan in skriuwster dy’t de leafde foar har Himelske Heit yn al har wurden trochklinke lit.

    TaJo_Inkijk.pdf

    Formaat145 x 210 mm
    Aantal pagina's520 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurMarije Haaima-Hoekstra
    Korte levensbeschrijving

    Marije Haaima-Hoekstra hat earder wurk yn eigen behear útbrocht, te witten: Goudglâns (fersen), Ta jo (fersen) en Ut it hert, sprekwurden en siswizen. Dit lêste hat se makke yn oparbeidzjen mei har nei har neamde beppesizzer dy't in eigen ûntwerpstudio hat. Fierders hat se meiwurke oan Kokyntsjes en oan Ljocht (meditaasjes), útjûn troch de KFFB en Brrrrrrr . By de KFFB is ek ferskynd it berneboek Piter Propke diel 1. It twadde diel hat se yn eigen behear útjûn. It Friesch Dagblad joech fan har in bondel poëzyalbumferskes út, mei de titel: Ta oantinken fan. Ek sette se Simson oer yn 't Frysk, op rym en dêr is in musical fan makke.

    Marije Haaima skriuwt altyd foar it Gysbert Japicxhûs en wurket mei oan de Skriuwerskalinder.

    Verschijningsdatum2010-10-16

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-253-3
    EAN nummer
    9789089542533
    Auteur
    Marije Haaima-Hoekstra