Tantalus II: Learjild
Afbeelding van Tantalus II: Learjild
Afbeelding van Tantalus II: Learjild

Tantalus II: Learjild

Spannend ferfloch op Tantalus I, wêrby’t de lêzer meinommen wurdt yn in wrâld fan misdied, yntriizje, macht en leafde.Gratis verzending.

€ 19,50



    Omschrijving

    De gloarjetiid fan It Kartel is foarby. De meiwurkers fan de misdiedorganisaasje binne oppakt. De lieders, de bruorren Safout en Sabaan, binne dea. Fayda Eldamaty, dochter fan Safout, sit yn ’e sel. De dei fan har rjochtsaak brekt oan en it is de plysjeman Zahi Khayat, har âld-kollega en eardere frijer, dy’t har nei de rjochtbank begeliedt. Hy draacht in grutte wrok tsjin har yn him omdat se syn broer Maher ombringe litten hat.
    Is dit de ein fan Fayda’s frije libben?
    Hoe komt it mei it bern dat hja ferwachtet?

    Yn dit spannende ferfolch op Tantalus nimt Manuela Köster de lêzer mei yn in wrâld fan misdied, yntriizje, macht en leafde. Har flotte styl mei soepele dialogen lêst noflik en hâldt de oandacht oan de ferrassende ein ta beet.

    Formaat145x210
    Aantal pagina's416
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurManuela Köster
    Korte levensbeschrijving

    Manuela Koster is berne op 11 july 1969 yn Dokkum. Hja is it ienlingsbern fan in Fryske mem en in Dútske heit. It grutste part fan har libben hat hja yn Burgum wenne, oant de leafde har úteinlik nei Gordyk brocht. Berne mei in komplissearre hertôfwiking hat it libben foar har syn beheiningen.
    It skriuwen stelt har yn steat dit te kompensearjen en, yn alle gefallen op papier, it ûnmooglike mooglik te meitsjen. Eartiids lei har ynteresse by de Science Fiction. Tsjintwurdich giet dy út nei misdiedferhalen.
    Earder binne fan har trije ferhalen útjûn yn ferskate ferhalebondels. Te witten:
    De Sinnemoarden yn: 20 Simmerferhalen – 2000.
    De Mediamoarden yn: 21 Nije Fryske winterferhalen – 2001.
    Gifslang yn it paradys yn: De Riedsels fan it hert – 2003.
    Yn 2009 ferskynde har earste roman, Tantalus.

    Verschijningsdatum2013-11-27

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-591-6
    EAN nummer
    9789089545916