Tantalus III - Ferjilding
Afbeelding van Tantalus III - Ferjilding
Afbeelding van Tantalus III - Ferjilding

Tantalus III - Ferjilding

Spannend tredde diel oer Fayda Eldamaty wêryn’t alle ferhaallinen byinoar komme yn in ferrassend slot

€ 19,50



    Omschrijving

    Krekt as Fayda, de dochter fan de romrofte krimineel Safout Eldamaty, tinkt dat se har libben op de rails hat, bringt de fermissing fan har sweager dêr feroaring yn.
    It is it begjin fan in ferwoeden striid om alles te’n goede te kearen. De ûnbekende tsjinstanner driuwt har hieltyd mear yn it nau. Om him te ferslaan siket se stipe by immen út har ferline.

    Yn dit ferfolch op Tantalus, leafde en yntriizje yn Egypte en Tantalus II Learjild, nimt Manuela Köster de lêzer mei yn de wrâld dêr’t it libben fan in minske net mear wurdich is as wat it opsmyt.

    Formaat

    145x215x28 mm

    Aantal pagina's 418
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur

    ManuelaKöster

    Biografie

    Manuela Köster is berne op 11 july 1969 yn Dokkum. Hja is it ienlingsbern fan in Fryske mem en in Dútske heit. It grutste part fan har libben hat hja yn Burgum wenne, oant de leafde har úteinlik nei Gordyk brocht.
    Berne mei in komplissearre hertôfwiking hat it libben foar har syn beheiningen. It skriuwen stelt har yn steat dit te kompensearjen en, yn alle gefallen op papier, it ûnmooglike mooglik te meitsjen.
    Eartiids lei har ynteresse by de Science Fiction. Tsjintwurdich giet dy út nei misdiedferhalen. Earder binne fan har trije ferhalen útjûn yn ferskate ferhalebondels.
    Te witten:
    De Sinnemoarden yn: 20 Simmerferhalen – 2000.
    De Mediamoarden yn: 21 Nije Fryske winterferhalen – 2001.
    Gifslang yn it paradys yn: De Riedsels fan it hert – 2003.
    Yn 2009 ferskynde har earste roman, Tantalus, leafde en yntriizje yn Egypte, en de twadde yn 2013: Tantalus II, Learjijd

    Verschijningsdatum

    22-01-2015

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-732-3
    EAN nummer
    9789089547323