Tantalus
Afbeelding van Tantalus
Afbeelding van Tantalus

Tantalus

Spannende misdiedroman dy’t him ôfspilet yn Egypte. Haadpersoanen: de moaie, yntelligente en sensuele Fayda, har heit Safout dy’t haad is fan in misdiedorganisaasje en har omke Sabaan, dy’t se ta it uterste driuwt.

€ 18,50



    Omschrijving

    Fayda is in tige selsstannige frou, dy’t wit hoe’t se mannen, om te begjinnen har heit Safout en har omke Sabaan, betsjoene en bespylje kin. Se is moai, yntelligint, boartlik, sensueel en benammen mysterieus. Safout stiet oan it haad fan in misdiedorganisaasje, it saneamde Alexandrië Kartel, dat operearret fan Caïro en Alexandrië út. Nei de dea fan syn soan en syn frou is er noch fierder ferhurde as dat er al wie en lit er de opfieding fan syn dochter oer oan syn broer Sabaan. Sabaan bestjoert de ôfdieling fan it Kartel yn Alexandrië. Hy hat in sterk karakter, mar in swak foar syn omkesizzer. Fayda folget in oplieding yn Frankryk en as se weromkomt, lûkt se by har omke Sabaan yn op in grut jacht. Omke en omkesizzer ha in ynlike bân, wêrby’t Fayda him ta it uterste driuwt.

    De plysje besiket om bewizen fan smokkelhannel te sammeljen om de lieders fan it Kartel te ûntmaskerjen. Dat soarget foar ferrassende ûntjouwingen wêrby’t it libben fan in tal kaaifigueren op it spul komt te stean.

    Skriuwster Manuela Köster toant mei dizze flot skreaune, ferrassende en spannende debútroman, dat se in betûft ferteller is, dy’t út in grutte ferbyldingswrâld putte kin.

    Tantaluskwelling: in kwelling feroarsake troch in langstme nei eat dat tichtby en dochs ûnberikber is.

    Formaat125 x 200 mm
    Aantal pagina's321 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurManuela Köster
    Korte levensbeschrijving

    Manuela Köster is berne op 11 july 1969 yn Dokkum. Hja is it ienlingsbern fan in Fryske mem en in Dútske heit. It grutste part fan har libben hat hja yn Burgum wenne, oant de leafde har úteinlik nei Gordyk brocht. Berne mei in komplissearre hertôfwiking hat it libben foar har syn beheiningen. It skriuwen stelt har yn steat dit te kompensearjen en, yn alle gefallen op papier, it ûnmooglike mooglik te meitsjen. Eartiids lei har ynteresse by de Science Fiction. Tsjintwurdich giet dy út nei misdiedferhalen. Earder binne fan har trije ferhalen útjûn yn ferskate ferhalebondels. Te witten: De Sinnemoarden yn: 20 Simmerferhalen - 2000. De Mediamoarden yn: 21 Nije Fryske winterferhalen - 2001. Gifslang yn it paradys yn: De Riedsels fan it hert - 2003. Tantalus is har earste roman.

    Verschijningsdatum2009-08-22

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-119-2
    EAN nummer
    9789089541192