De rook fan it lan
Afbeelding van De rook fan it lan
Afbeelding van De rook fan it lan

De rook fan it lan

Ulbe van Houten bringt de lêzer werom nei it Fryslân fan alear mei syn boeren, gerniers en arbeiders

€ 18,50



    Omschrijving

    Yn de ferhalebondel De rook fan it lân bringt Ulbe van Houten de lêzer werom nei it Fryslân fan alear mei syn boeren, gerniers en arbeiders. It wie in sletten plattelânsmienskip dêr’t elk syn plak hie en de stânsferskillen net te oerbrêgjen wienen. Van Houten lit dy machtsûngelikens wol sjen, mar hy is yn syn wurk gjin sosjaal strider. Syn Fryslân is de idyllyske enklave dêr’t foar it kwea gjin duorjend plak is. De earste printing fan De rook fan it lân wie in samling fan acht ferhalen út ferskate publikaasjes fan it Kristlik Frysk Selskip en ferskynde yn 1943. De twadde printing kaam krekt 20 jier letter út, mei fjouwer nije ferhalen en ien weilitten.

    Dit boek is in werútjefte fan de tredde printing út 1994. It neiwurd is fan Trinus Riemersma.

    Yn it ferhaal De beam, ien fan de moaiste sketsen, betoant Van Houten him in master yn de keunst fan it beskriuwen. It ferhaal sit fol symbolyk en poëzy.

    Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant

    Ulbe van Houten is in rasferteller, dy’t sfear wit te skeppen en dy’t syn taal wit te brûken. Syn Frysk is geef sûnder argaïstysk te wurden.

    H. Keuning yn De Stiennen Man

    Hy kin feiten en persoanen yn inkelde halen dúdlik en raak op papier krije. Syn wurk is natuerlik en minsklik en der spilet in kostlike humor trochhinne.

    Durk van der Ploeg yn Frysk en Frij

    Formaat140x210 mm
    Aantal pagina's203 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurUlbe van Houten
    Korte levensbeschrijving

    Ulbe van Houten (1904-1974) wie syn libben lang skoalmaster yn Sint Anne. Hy hâlde fan It Bilt; syn jeugd lei yn Boksum. Hy is de skriuwer fan in beheind oeuvre. Yn 1955 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn twa dielen Hillige histoarje, in neifertelling fan de bibelferhalen foar jong en âld en foar De sûnde fan Haitze Holwerda.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-158-1
    EAN nummer
    9789089541581
    Auteur
    Ulbe van Houten