Spanning
Afbeelding van Spanning
Afbeelding van Spanning

Spanning

Waarme fersen oer de ferskillende fazen yn in frouljuslibben.

€ 12,50



    Omschrijving

    Yn de bondel 'Spanning' stean 25 fersen, mei hjir en dêr yllustraasjes en foto 's. Troch de ferzen rint in tried: it bern dat opgroeit ta folwoeksen frou, mem wurdt en úteinlik beppe wêze mei. Je kinne sizze: in libbensrin mei al syn positive en negative spanning. As neigesetsje binne fjouwer gedichten oer de natuer taheakke.

    Formaat180 x 180 mm
    Aantal pagina's40 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurJanke Nicolai
    Korte levensbeschrijving

    Yn 1952 berne yn Eastermar, bin ik as famke fan njoggen jier ferhuze nei Wytmarsum. Op myn 18e wurdt Ljouwert it wenplak. Ik folge dêr de oplieding ta ferpleechkundige, helle myn diploma en rekke op 'e kreamôfdieling oan 'e slach. Lykwols, in stedsminske bin ik nea wurden. Dêrom ferhuze ik, nei ús trouwen, werom nei Wytmarsum. Hjir haw ik húsfrou west, binne ús bern berne en ha 'k yn de jierren dat ik net in betelle baan hie, de AFUK akte helle. Doe 't de bern harsels wat rêde koenen, bin ik yn dieltiid wurkjen gien. Ik ha de tried as ferpleechkundige wer opnommen. No net yn it sikehûs, mar sûnt dy tiid by de Thússoarch! Myn hert leit lykwols net allinnich by de sûnenssoarch. Mei taal ompiele is ek moai wurk. By 't winter folge ik dêrom wolris in kursus kreatyf skriuwen by ' Parnas' en by 'Tresoar'. Sa is fan it iene it oare kommen. Yn 2006 is der yn eigen behear in lyts 'boekje' útjûn: ' Soarch'. It binne trije ferhaaltsjes en ien gedichtsje. Se beljochtsje fasetten fan it wurkjen by in thússoarch-organisaasje. Benammen giet it oer it wurk, watst der sels foar werom krijst en dêrtroch groeist! It boekje hat in twadde printinge opsmiten en is brûkt as relaasjegeskink troch de organisaasje, dêr 't ik by wurkje. Yn desimber 2007 is de bondel 'Spanning' ferskynd. Yn totaal binne it 25 fersen, mei hjir en dêr yllustraasjes en foto 's. De yllustraasjes binne fan Wietske Wicherink - Sietsema, de foto 's fan Catrinus Zijlstra.

    Verschijningsdatum2007-12-10

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-005-8
    EAN nummer
    9789089540058
    Auteur
    Janke Nicolai