Protter-rige I 2014, fjouwer e-boeken
Mentha Minnema en it keldermystearje – Riemkje Hoogland-Pitstra
Dit is de earste fan de acht suksesfolle Mentha Minnema-boeken.
Mentha Minnema hat in spannende hobby: se hat in goeie noas foar dingen
dy’t net doge. Sa falt se fan it iene aventoer yn it oare.
Ditkear heart se frjemde lûden by har yn ‘e hûs. Yn har kelder blykt de
yngong fan in ûnderierdske gong te sitten. Dy komt út by it eardere
kleaster. De dieven witte dat ek!
Mei har hûn Grate en de help fan Geart en Geeske giet se op ûndersyk út! En dat is net sûnder gefaar…
Mentha Minnema en it smokkelmystearje – Jan Schotanus
Mentha Minnema komt troch autopech net yn Súd-Frankryk mar yn
Straatsburch telâne. Dêr treft se har buorlju mei Ferdinand en in
Spaansk/Frysk famke, Leontine. Mei-inoar besjogge se it Europeeske
parlemintsgebou. Wat Ferdinand dêr yn in laadsje fynt, liedt ta in
spannend aventoer! In gefaarlike binde hannelet yn eksoatyske bisten,
dy’t Europa binnensmokkele wurde. Skiphol, de haven fan Harns, Leontine
har heit, en dat Fryske parlemintslid mei har djoere auto…
Muoike Klaptút – Ep van Hijum
Groep 7 hat syn nocht fan dy saaie ûnderwerpen as “Het donkere bos”
foar in opstel. Hoe betinkt juf it. De bern wolle it oars ha.
Ferhalen oer harsels en skreaun troch harsels. Spannende ferhalen, grappige ferhalen… échte ferhalen!
En mei dy ferhalen wolle se ek noch wat bysûnders dwaan.
Wat dat is? Dan silst it boek lêze moatte…
It is foar de hearen – Anny de Jong
Oan de ein fan de fyftjinde ieu is der rûnom yn Fryslân striid. De
Skieringers fjochtsje tsjin de Fetkeapers. En dan ha je noch de hearen
fan de ferskillende stêden: se rôvje en plonderje as se de kâns krije.
Wa wurdt de baas yn Boalsert? Mei haakbussen (grutte gewearen) en
kanonnen fjochtsje se derom. Op libben en dea!
Yn dy roerige tiden slute Harm en Peke freonskip, al soene se eins fijannen fan elkoar wêze moatte.
Aanvullende informatie






