Binnentun e-boek

De debútbondel Binnentún van Tryntsje van der Veer befettet 49 haikû’s yn it Frysk, oer de natoer en it libben. De dichtfoarm noege har út om sa sober en folle-sizzend mooglik te wêzen.

Op har syktocht trof sy Ouke Kooistra, dy’t meardere kearen eksposearre yn ’e kapel fan Bronkhorst. Syn bysûndere oanpak fan gewoane objekten resultearre yn fotowurk wêrfan’t de sfear goed by de haikû’s oanslute. Rob du Jardin foege in ekstra diminsje ta. Tegearre mei de skriuwster spriek hy teksten yn. It lûd fan de stimmen fariearret fan donker, gefoelich en hertstochtlik ta rêstich en plechtich. Syn ymprovisaasjes op fleugel en fioele omliste de fersen, wêrtroch in totaalbelibbing ûntstiet. Sa kaam der in multimediaal en meardiminsjonale projekt yn wurd, byld en lûd ta stân.

Biografie 2e auteur:

Kunde fia de kursusgroep fan Tresoar brochten har yn kontakt mei Rob du Jardin (1969). De haikû’s ynspirearren him ta muzyk. Fuortendaliks stjoerde er in mailtsje nei Tryntsje mei taheakke ideeën foar lûdsfragminten by de haikû’s. Rob hâldt derfan, om te sykjen nei taastbere (beskriuwbere, telbere) skaaimerken fan wetmjittichheden yn it gefoelslibben. Sa’n djoere sin as foargeande kin fansels net bûten in protte eksperimentearjen, fallen en oereinkommen. Hy wennet yn Amsterdam, wie yn de njoggentiger jierren fioelist by it Keninklik Konsertgebou-orkest, mar is letter psycholooch wurden. Syn passy foar muzyk is altyd bleaun. Der is noch in passy by kommen, nammentlik dy foar de Fryske taal. Hy sjongt ek graach yn it Frysk, faak tegearre mei Grytsje Kingma. Rob hat lieten op Youtube set, yn it Frysk en it Hollânsk, mar ek in inkelde kear yn it Frânsk of Hongaarsk. In hichtepunt wie it yn 2009 meidwaan oan ’e finale fan it Fryske Sjongfestival “Liet”, dêr’t it fers ‘Dit is myn Heitelân’ (tekst Grytsje Kingma en Rob du Jardin) de publykspriis wûn hat.

Formaat: e-book
Aantal pagina’s: 68
Verschijningsdatum: 01-01-2013

Aanvullende informatie

Auteur

Categorieën: , ISBN: 978-90-8954-482-7